Bekerje tsjin Twijzel

Weppers moandei 11-2-2019
11 februari 2019
SDS-League: Twa wykpriiswinners!
14 februari 2019


Wat?

Bekerje tsjin  SC Twijzel út Twizel yn de 4de ronde fan it noardelik bekertoernooi. De klup is oprjochte yn 1973 en is dus noch in frij jonge klup. Der binne twa seniorenalvetallen, in frouljus team en ferskate jeugdteams. De klup spilet yn de tredde klasse B en stiet er mei 22 punten út 13 wedstriden goed bij. It is foar it earst dat de klup yn de tredde klasse spilet. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer dizze klup

Wannear?

Tiisdei 19 febrewaris om 20.00 oere yn Easterein.

Wa?

Yn tsjinstelling ta SDS 1 hawwe (op ien nei) alle spilers fan sc Twijzel in bijnamme.

Kantine

De kantine mei de wedstriid tsjin Twijzel is fansels gewoan iepen. Anna-Marie Wijnia en Anneke Gaastra steane dan efter de bar.

5e-ronde

De winner fan SDS 1 – Twijzel 1 mei yn de 5e-ronde fan de beker tsjin de winner fan sc Elim 1 – Flevo Boys 2.