Wepperkes (woansdei)

SDS League: Twa âldsjes pakke wykpriis!
24 maart 2004
It begjin (2)
25 maart 2004

Ek noch skriuwer
Nêst strater, túnker, fuotballer, lieder, keeper, grinsrjochter, heit, taksirider, echtgenoat en skiedsrjochter is Evert Tanja ek noch skriuwer. Tegeare mei syn frou Dieuwke hat hy wer in geweldich ferslach skreaun oer de ôfrûne twa wedstriden fan it 4e. Sjoch ûnder “Senioren” by SDS 4 en genietsje! Welke krante ûntdekt dit talint?

Apenúten?
By SDS 2 moatte je der wolris om tinke wat je sizze. Der is altiten wol ien dy ’t der in geintsje fan makket. Doe ’t Henk foar de wedstriid rêstich in banaan siet op te peuzeljen kaam fansels lyk de opmerking dat hy dy fêst moarns sa meinommen hie by de Jumbo. Henk ferblikte net en sei; “ús mem hellet ien kear yn ‘e wike bananen en ik moat se wol ite want de rest fan ‘e famylje lest se net”. Dochs krige Henk it lyk om ‘e earen; “wat yt de rest fan jim famylje dan? Apenúten?”.

Bûtenpost wint?
At wy de redaksje fan
www.voetbalnoord.nl serieus nimme moatte dan ferliest SDS sneon fan Bûtenpost. De foarige wedstriid tusken Bûtenpost en SDS(25 oktober 2003) wûn Bûtenpost mei 2-1. In wike êarder wûn SDS noch mei 6-0 fan Bûtenpost foar de beker. It kin dus alle kanten op. Foar de prognose op (de fierders beste side) Voetbalnoord kinne jimme hjir klikke.

SDS 2 yn ‘e beker
Eltsenien freget him ôf hoe fier at SDS no eins al is yn ‘e beker. Wy ek. It ienige dat wy witte is dat SDS 2 ôfrûne sneon de 5e ronde oerlibbe hat. Wat dit foar konsekwinsjes hat is net ien dúdlik. Op ynternet stiet neat. Ek is der al tillefoanysk kontakt west mei KNVB Noord. Dizze wisten ek fan neat. Wa it al wit mei kontakt opnimme mei
info@vv-sds.nl . Ik soe sizze; “SDS 2 sit yn ‘e finale en dy wurdt spile yn Easterein op de woansdeitejûn foar Himelfeart. De tinte is foar dan  al besteld”.

Dizze tinte kin it om my wol dwaan.

Wedstriidferslagen en foto’s
Op dizze side kinne jimme by de desbetreffende teams hiel wat ferslagen fine. By SDS 1,2,3,4,5,A1 en inkelde legere teams stean ferskiedene ferslagen. Ek fan it sealfuotbal steane der genôch op de side en de doelpuntenmakkers by SDS 1(futsal) binne ek wer bywurke. Dochs wolle wy graach noch folle mear ferslagen op de side. At jimme ek ris in wedstriidferslach meitsje wolle dan graach. Wy hawwe se it leafst sa gau mooglik nei de wedstriid en úterlik op moandei. Jimme kinne dizze maile nei
info@vv-sds.nl .
Mochten der noch minsken wêze mei leuke âlde of nije foto’s dy wy miskien wol pleatse kinne op de side, mail dizzen dan nei info@vv-sds.nl of jou se oan ien fan ‘e redaksjeleden fan de Treffer.