SDS League: Tom Pieter and the Heartbreakers pakke de wykpriis!

Wepperkes -woansdei-
25 oktober 2005
Wepperkes -tongersdei-
27 oktober 2005

Koprinner Eastender Nightmares fan STW hat dizze wike wer aardich konkurrinsje krigen. Op sich de beste ploeg fan FB is nadere tot op ien punt. Nûmer 3 Nieuw Noord Ole fan JD stiet op 2 punten.

Ûndanks it minne waar docht FC Grasmat fan EdB dizze wike goeie saken. Hy giet fan 10 nei nûmer 5.

FC Grasmat docht goeie saken…………..

Tom Pieter and the Heartbreakers pakke dizze wike de wykpriis. Mei 39 punten litte sy de rest fier efter harren.


Sûnt syn 19e jierdei docht BS it in stik better mei FC Munnaps. Hy stijgt fan 48 nei 33 en grypt “krekt” nêst de wykpriis.

Grutte ferliezers dizze wike wienen fansels Hey Ho Let’s Go(WW) en De Lullo’s(GJH). Beide ploegen pakten net mear as 1(!!) punt.

It hat him hiel wat griize hieren koste mar S.F. hat mei FC Schettens dan eindlik it lêst plak ferlitten. Hy docht de reade lantearn oer oan M.B., de coach fan Easpânne.

Groeten, Willem.

Sjoch hjir om de nije stân te besjen:
wike 6.