Wepperkes -tongersdei-

SDS League: Tom Pieter and the Heartbreakers pakke de wykpriis!
26 oktober 2005
Seleksjes foar sneon
28 oktober 2005

De simmer of de winter skilder?
Dat is de fraach dy’t wij ús mei dit moai waar stelle nei it berjocht fan Feike Jorritsma fan de Skoalleseize: “
n (woansdei) binne de Brouwers yn e nije boksen om te skilderjen ( frijwillich)”
Klasse fansels.

Medysk berjocht (1)
Dirk de Jong hâldt ús (en jim dus ek )goed op de hichte wat syn blessure oangiet. Hij berjochtet ús no dit:
ik soe ff hjeare litte wat de útslach fan de mri-scan is.
it is toch wol aardich posityf.
der is neat kapot, dus moat mij net oanstelle, hahaha.
de miniscus sjocht der moai út en de krúsbân is hiel goed yn/fêst groeid.
Myn doel is no om oer sa’n 6 tot 8 wieken, prebeare mei wer bij de groep oan te sluten.
de sikeboech rint hopelik in bytsje leech.
oan myn rentree tink ik in soart, soe it sa gean as dy martijn meerdink?
soe wol wat wêze.

Medysk berjocht  (2)
Twee Brabanders zitten samen bij McDonalds.
Zegt de een tegen de ander:
“Zeg, lette gij eigenlijk well us op oew cholesterol?”
Zegt de ander:
“Jazeker wel, als ik op de wc zit.”
“Agge op de wc zit?”
“Ja, dan zit ik op de wc, kiek een bietjse om me heen, zie geen
 closetpapier en denk dan,
 “goh leste rol….”

Futsal 3
Krekt as oars hawwe wij no ek wer gjin berjocht krigen fan futsal 3 wylst sij it sa kreas dogge. Wa wit hoe’t dizze mannen spile hawwe ? Mail it nei
ús

Voetbalnoord
Fan Voetbalnoord krije wij alle wiken in wike-oersjoch mei alle ynformaasje oer de kommende wedstryd fan SDS 1 en de tsjinstanner. It is spitich dat it bestân sa grut is, want wij kinne it net pleatse. Omdat de samle histoarje fan beide ploegen net sa grut is fersteane wij mei in oersjoch fan de
topskoorders fan de 1ste klasse E. Opfallend binne de trije nammen fan Dronten. Soene dat echte Drontense nammen wêze…….

De Treffer
Tongersdeitejûn hat de redaksje gearkomst. Hawwe jim noch wat, dan kinne jim dat jûn noch maile.

Letter hjoed of moarn mear nijs