SDS League: "Team Toering" op 1!

Weppers woansdei 10-12
9 december 2008
Weppers tongersdei 12-12
10 december 2008

De hiele top 3 is oan de kant fage troch “Team Toering” fan Jaap. Lykas foarige wike pakt hy in bult punten, mar grypt hy wol wer nêst de wykpriis. Wol pakt hy mei glâns de kopposysje. Hy giet fan 6 nei 1.

SDS 1 docht it mar goed yn de SDS League. Jaap boppe-oan, Mark Postma docht wer mei om de prizen (fan 8 nei 2) en “Tsjeard” (Halbie) giet fan 12 nei 4.

Opfallend is dat de spilers fan SDS 1 it sa goed dogge en Dick Schuurman mar op it 32e plak stiet mei “Scheenbeschermers om”. Wy ferwachtsje dan ek dat hy fuortgiet by SDS en giet foar it aventoer(sjoch weppers tongersdei 12-12) 

It is dizze wike Gerrit Terpstra dy ’t der fantroch giet mei de wykpriis. Mei “November Rain” wit hy dus ek dizze edysje wer in pryske te pakken.

Foarige wike koenen jim hjir lêze oer de opfallende namme fan Lesley Fellinga yn it team fan Klaas Pompstra. Dizze reaksje krigen wy fan him:
Oer Lesley FellingaDer stie in moai stik oer him yn de Ljouwert krante, in skofke lyn. It like der op dat Lesley by de seleksje komme soe en in belofte wie miskien. Wa wit komt hy der nei de winterstop by, miskien tagelyk mei Foppe?
Dan krûpe we op de ranglist langsam wer nei boppe.
Klaas Pompstra

It “30+team fan Aant Hofstra bliuwt op it ûnderste plak.


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 10.