Weppers woansdei 10-12

Weppers tiisdei 9-12
8 december 2008
SDS League: "Team Toering" op 1!
10 december 2008

De seal yn
SDS 2 traint jûn yn de seal fan 21.30 oan’ t 22.30. Allegear efkes €1,- meinimme. De spilers fan SDS 3 binne ek wolkom.

Net op it fjildsje
Der kin hjoed ek net traind wurde op it fjildsje foar de boksen y.f.m. wurksumheden.
Foar oare kear graach nei it trainen de goaltsjes oprêde sadat it fjild repareard wurde kin.
Durk


Sukses!
Hjoed hat Lody eksamen fan Oefenmeester 3.
Dat kin hast net mis gean! It eksamen wurd namlik ôfnaam yn it Zuiderpark yn Den Haag, wer Lody syn profkarriëre begûn is. As jonge fan 16 jier makke hy der syn debút yn it betelle fuotbal!
Wy (spilers en lieders fan SDS A1)
winskje Lody sukses ta!
Met vriendelijke groet,
Klaas Pompstra

Ôflast
De training fan de A- en B-junioaren foar 10 desimber is ôfla
st.
De tastâ
n fan it fjild is te min om wat te dwaan.

Noch net helle?
Lody skille fanút Den Haag,
wer it spielt fan de rein! Hja ha it eksamen ek net ôfmeitsje kinnen, allinnich de teorie. Binnen 2 wike moat Lody foar de praktyk.
Miskien ha we jûn mear gelok yn de Staat!
Met vriendelijke groet,
Klaas Pompstra

Smoarch
De froulju hawwe dit jier foar it lêst bûten traind. Wij tinke dat de manlju thús harren nocht hiene fan dy smoarge wask.

De Treffer
Der is noch wat romte oer yn de kommende Treffer. Hawwe jim wat mail it dan nei
DeTreffer@vv-sds.nl.

Streaker
Wy binne der gek op: streakers. Je sjogge se hast nergens mear sûnder dat sy mei hurde hân fan it fjild ferwijdere wurde. Behalve op de Freule en yn de Ingelske 3e Divysje fansels: