Weppers tongersdei 12-12

SDS League: "Team Toering" op 1!
10 december 2008
Weppers freed 12-12
12 december 2008

Net op it fjildsje
Der kin hjoed op ‘e nij net traind wurde op it fjildsje foar de boksen y.f.m. wurksumheden.
Foar oare kear graach nei it trainen de goaltsjes oprêde sadat it fjild repareard wurde kin.
Durk

Mar wol op it oare fjild
SDS 4 en SDS 5 kinne wol traine jûn. Yn oerlis mei Klaas Okkema fan SDS 2 is der wol wat romte op it grutte fjild. Dus kom! Sipke

Nei Snits
SDS 1 traint jûn yn Snits op kuenstgers. Sy fertrekke om 19.40.

Lêste training(1)
Folgende wike tongersdei traint SDS 1 wol yn Easterein. Hjirnei sille sy it jier gesellich ôfslúte yn de kantine. 

Lêste training(2)
Alle spilers fan SDS 2 wurde jûn om 20.00 op it trainingsfjild ferwachte. Sa kin nei de tiid it jier alfêst ôfslúten wurde yn de kantine.

Boaz Abe
Ôfrûne snein befoel Dennis Dijkstra syn freondinne Mirjam fan in sûne Fryske knul; Boaz-Abe. Fan herte lokwinske!
Dizze foto mei reaksje krigen wy juster fan de trotse heit:

Toch nog  een kleine overwinning behaald afgelopen zaterdag…..

Kuorkebalje
Justerjûn soe it oangean; Feite soe kuorkebalje. Spitich genôch gie dit net troch. Om ’t Feite justerjûn ek sealfuotbalje moast sei hie it kuorkebaljen ôf. Allinnich net definityf. Folgende wike woansdei sil hy meidwaan oan it jierlikse miks-kuorkebaltoernoai fan WWC. It begjint om 19.00. Allegear sjen dus!

VI-stadion-kwis
Op de VI-webside hawwe sy wer in drege kwis foar ús makke(klik
hjir). Set ‘em op!

Fan Dick
Sa ’t wy juster al melden hat Dick Schuurman foar folgend seizoen in “nije klup”:
Hé Willem/Aant,
Na een mooi jaar bij SDS heb ik een nieuwe club.
Ben nog wel op zoek naar een assistent…
Is dit misschien iets voor jou?
Met vriendelijke groet,
Dick

Mei dy 2 assistenten is it ynmddels al rûn…………..

Oefenje
Foar de jeugd dy ’t yn de winterstop graach wol wat fuotbalje wolle, is it miskien wat om dit te oefenjen: