SDS League: Sytsinho pakt wykpriis!

Weppers tongersdei 3-5
2 mei 2012
Weppers freed 4 maaie
3 mei 2012

Der is dizze wike net folle feroare yn de SDS League. Marije de Vries bliuwt noch altiten bopp-oan mei “Parel 2″en “Munnaps”, Brothers from other Mothers” en “De Houten Klazen” folgje trou.

Ek dizze edysje fan de SDS League soarget Sytse Hibma der mei “Sytsinho” gewoan wer foar dat it út kin. In wykpriis dus dizze wike foar Sytse. En dat wylst de wike al net mear stikken koe mei it kampioenskip fan Ajax.

Sytse wurdt lokwinske mei it kampioenskip fan Ajax, de wykpriis en ………

It wurdt noch spannend tusken Jaap Toering en Sjoerd van Beem. De ien hat 3 punten mear as de oar………

Dooitze Nauta kin de skoarstienmantel mar fêst frij meitsje. Hy stiet mei “Meastal Boppe-oan” mar jusjes ûnderoan, mar wy tinke dat hy de poedelpriis net mear ûntrinne kin.


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 11.