Weppers freed 4 maaie

SDS League: Sytsinho pakt wykpriis!
3 mei 2012
Befrijdingsdei-útslaggen
4 mei 2012

De topper

Efkes Balje yn Wommels
Jûn om 19.30 wurdt der efkes balle yn ….Wommels. Op it strakgriene fjild sil in poging dien wurde “de technyk der hielendal út komme te litten”. Dat Pieturr him al ôfmeld hat, hat neat te krijen mei it fjild. Hij giet leaver ris in kear te stappen.

Seleksjes
De seleksjes foar sneon binne hjir ûnder te sjen. It wie justerjûn in makkie want SDS 3 en SDS 4 binne frij.

SDS 1 – Balk 1 
13.00: der wêze
14.30: fuotbalje
Skelte, Ewout, Feiko, Erik, Jacob, Dirk, Wytze, Tjipke, Arjan, Jelmer, Dirk-Yde, Harm, Jaap, Elger, Jacob en Feite.

SDS 2 – Veenwouden 2 
12.30: der wêze
13.30: fuotbalje
Redmar, Ayanle, Gerrit, Jan Simon, Hendrik, Arjen, Anne, Jort, Thor, Robert, Willem, Jan Friso, Wietze, Remon

SDS 5 – sc Franeker 4
14.30: der wêze
15.30: fuotbalje
Lieuwe, Wichard, Johan, Harm A, Tjeerd, Pieter, Gert Jan, Christiaan, Lieuwe, Hans, Peter, Ype, Pieter, Willem, Jappie, Jeroen, Ronny en Robert.
L., Ronny, Jeroen

Programma
At jim it programma foar sneon noch efkes besjen wolle dan kin dat
hjir.

Gaasterlân Expres
Grutte kâns dat dizze
moaie âlde bus sneontemiddei nei Easterein komt, mei de supporters fan Balk.

SDS 1 en muzyk
Wat de útslach ek wurdt sneon, der is nei de wedstriid fan SDS 1 muzyk yn de kantine: Jan Bouke Bouma draait se wer griis. Wij binne benijd at hij as earste “We are the Champions” foar de gasten út Balk draaie sil at dy winne of at SDS wint ien fan de folgjende nûmers op set (mei tank oan Sjoerd van Beem):
# Foo Fighters; Stranger things have happened
# Pigeon Detectives; I am not sorry
# Nirvana; All apologies
# Triggerfinger; On my knees
# Queens Of A Stone Age; You think I aint worth a dollar but i feel like a millionair
# The Death Letters; I’m a time bomb
#

Topper
At twa ploegen út in kompetysje op ien en twa steane en dy twa ploegen spylje tsjinelkoar oan de ein fan de kompetysje dan kinne je mei rjocht sprekke fan in topwedstriid. Sneontemiddei om 15.30 oere spilet SDS 5 -SC Franeker 4. SDS moat winne om kâns te hâlden op de titel.
At der ek top fuotballe wurdt is fansels ôfwachtsje.
Yn Frjentsjer binne sy der yn elts gefal al hielendal klear foar (klik hjir).

SDS League
De nijste stân is bekend. Jim kinne him hjir besjen..

Jierdei
Ek op 4 maaie is der in SDS-er jierdei. Jappie Wijnia wurdt 44 jier. Lokwinske.


Harsens derby (754)
“Lóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóósss”(en dan yn it Italiaansk)