Weppers tongersdei 3-5

Programma sneon 5 maaie
1 mei 2012
SDS League: Sytsinho pakt wykpriis!
3 mei 2012

C1
Wij krije troch dat der jûn gjin trainen is foar C1.

SDS 4 en 5
Ha goeie,
It lytse trainingsfjild is ticht.
De E en de F pup + it earste traine op it fuotbalfjild. De rest efter de sporthal It twadde en it tredde traine om 20.00 oere.  It fjirde en it fiifde om 20.00 oere.
Steffen

Da 1
Sij hawwe juster fuotballe tsjin Oudega. Neffens twitter stie it nei 30 minuten 1-1, mar wij wiene benijd nei de einstân: 4-3 (boarne Feike Jorritsma)

Traine
De B/C-seleksje en A junioren traine jûn om 20.00 oere efter de sporthal.
Nije wike allinne op tongersdei trainen foar de selde ploech. 

Tige by tige!
Ferline wike sneon is it Skoalleseize bestjoer mei ferskate frijwilligers dwaande west mei it oanbringen fan nije ljochtmasten op it lytse trainingsfjlid. Ut namme fan SDS tige tank foar it wurk!
Fanôf 1-5-2012 is dit tr. fjild ticht foar ûnderhâld. 
Bestjoer SDS

Op ‘e kop

Oan it trainen op it lytse trainingsfjild is juster abrupt ein oan makke. Okkema Leanbedriuw helle it fjild yn in trainingsoerke oer de kop. De seefûgels hiene it sa gau noch net yn de gaten want sij wiene yn gjin loft te finen.

Opkomst
De opkomst bij it trainen fan E1 en E5 wie juster meager. Dêr steane je dan mei 2 trainers (Aant en Jelle Wiersma) en 5 entûsjaste jonges. Toch mar wat partijtsjes dien en de ôfslutende partij gie om “de foto op de webside priis”.

Eljer, Wiltsje, Aant en Wessel wûnen it fan Sjoerd, Mark en Jelle (Wiersma).

Lokwinske
Gershom van der Sluis is hjoed jierdei en is 13 jier wurden. Ek Stef Jellema hie hjoed oars trakteard op skoalle, mar troch de fakâbsje stelt er dat noch efkes út. Hij
is 7 jier wurden. Beide jonges fan herte lokwinske.

Gjin salonremie
Snein moatte sc Hearrenfean-Feyenoord tsjinelkoar. Wij kinne ús net foarstelle dat it in
salonremise wurdt.

Efkes Balje
No’t it trainingsfjild op de kop leit, hat de organisaasje yn oerwaging Efkes Balje (sûnder Pieturrr) foar in kear yn Wommels te hâlden op it griene gers.

Fan herte lokwinske!
Ek Stoffel winsket de SDS-Ajax-supporters fan herte lokwinske:
ajax kampioen

Harsens derby (753)
“Sitte do!!”