SDS League: Snel,Save en Simpel pakt wykpriis!

Nei de Kryst wepperkes
26 december 2007
Wepperkes -freed-
27 december 2007

Hjir de ien nei lêste stân fan it jier. Yn de lêste wike kin der noch fan alles gebeure, mar it liket der op dat de measten yn de top 10 harren plakje wol fûn hawwe. Koprinner Eastender Nightmares fan Sybren Wijnia is yn elts gefal hast net mear yn te heljen.

Jan Stenekes pakt dizze wike mei “Snel, Save en Simpel” de wykpriis. Dizze dikke jildpriis(€12,-) komt net ongelegen. Jan giet dan wol net te liften, mar hy hat al in reiske nei Glasgow en in konsert fan Queens of the Stone Age en Neill Young yn it foarútsjoch. Hooplik bliuwt der noch wat jild oer foar de kapper………

Jacco Kooistra grypt dizze wike krekt nêst de wykpriis. Mei Manchester United kom hy krekt in puntsje tekoart.

Mei it 15e plakje like hy sicht te hawwen op in plakje yn de top 10. Nei ôfrûne wykein is alles oars. A.K.A.I.D.I.O.T.(WW) pakte mar 6 punten fan ‘e wike en sakket nei it 24e plak.

Stokstiif ûnderoan: P. van P.(Pieter Lieuwe van der Valk).

Wy hoopje mei âld en nij mei de einstân fan de SDS-League komme te kinnen.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 13.