SDS-sealtoernoai(senioaren en de A’s)
Moarntejûn is der wer it jierlikse SDS-sealtoernoai foar de senioaren en de A-junioaren. It begjint om 19..00.
Foar it sealtoernoai wurdt der op rekkene dat yn elts gefal fan SDS 1, 2, 3 en de A-junioaren eltsenien komt. Jou je noch wol efkes op by Durk of Willem.
SDS-statistiken
Sommige minsken binne wol benijd hoefolle besikers de SDS-side no sa deis hat. Der is in webside wêr ’t jim dit besjen kinne(klik hjir). Mei de Krystdagen wurdt de webside dúdlik wat minder besocht.
SDS C1
Juster hie SDS C1 it KNVB-toernoai. As sy wûnen dan moasten sy hjoed yn Snits sealfuotbalje. Wy binne benijd hoe ’t dit allegear ferrûn is. Mail it nei info@vv-sds.nl.
Sterke poule
SDS siet op it Krysttoernoai fan Frentsjer dúdlik yn in sterke poule. De earste 4 út dizze poule gienen troch nei de 16e-finales en kamen mekoar úteinlik wer tsjin yn de heale finales. Meskenbouw wûn it úteinlik, Herberg de Bogt waard twadde, Lovis Design tredde en SDS fjirde. Dit wie ek de einstân yn de poule.
Noch 4 kanshawwers
wa | oantal | plak op |
punten | ranglist | |
Dirk de Jong | 12 | 3 |
Bauke de Boer | 10 | 2 |
Johan Delfsma | 10 | 3 |
Remco Bervoets | 10 | 3 |
Gearard Posthumus | 9 | 2 |
Willem Wijnia | 9 | 3 |
Roel Sijbesma | 9 | 4 |
Aant Hofstra | 8 | 4 |
Pieter Kamstra | 8 | 4 |
Feike Jorritsma | 7 | 4 |
Immie Kamstra | 7 | 4 |
Pieter Wesselius | 7 | 5 |
Alise de Vries | 7 | 5 |
Tjerk van der Pol | 7 | 6 |
Fedde Wiersma | 7 | 6 |
Habtamu de Hoop | 6 | 6 |
Bas van der Wey | 4 | 6 |
Sipke Hiemstra | 4 | 7 |
Ate F. de Boer | 4 | 7 |
Johan de Graaf | 1 | 11 |
Harm A. Dijkstra | 1 | 11 |