SDS League: Sibe pakt kopposysje!

Wepperkes -moandei-
19 februari 2006
Wepperkes -woansdei-
21 februari 2006

Sibe hat in eindliks foar elkoar. Hy pakt mei syn Fûgelflappers de kopposysje en de wykpriis mei 54 punten. Hy lûkt him dus neat oan fan dat gedoch om dy fûgelgryp. Wy hienen ek net oars fan him ferwachte.
Allinne mei syn foarhoede Huntelaar(AJA), Kuijt(FEY) en Farfán(PSV) pakte hy al 31 punten.

Nei de wykpriis liket dit byld ús ferline tiid…….

Yn de top 4 feroaret net in soad. Allinne nûmer 1 en 4 hawwe ruile en de rest bliuwt lyk.

Rockin’ in a free world(LH) wie noch it tichst by de wykpriis. Hy pakte 50 punten.

Ferliezer fan ‘e wike wie Winsum United fan GD. Hy hie mar 8 punten. Hie der no Huntelaar(AJA) mar yn syn team hân dan hie der yn elts gefal al 15 punten mear.

Team Kooistra(HK) nimt it lêste plak oer fan De Útstrûpers(MW).

Groeten, Willem.

Sjoch hjir foar de nije stân:
wike 3.