Wepperkes -woansdei-

SDS League: Sibe pakt kopposysje!
21 februari 2006
It sykjen nei nij talint!
22 februari 2006

Futsal: SDS 1 kin promoasje ferjitte
SDS 1 hat moandei mei 6-3 ferlern fan Old Forward. It sit it hiele seizoen al net echt mei foar SDS 1 en ek dit kear net. Lês
hjir it ferslach.

Foarútgong
SDS A1 ferlear sneon mei 1-0 fan St. Anna. Sy kamen yn dizze wedstryd wat te koart. Trainer Marco Hoekstra sjocht lokkich genôch foarútgong. Sjoch
hjir foar syn ferslach.

Amateurvoetbalspel
Aant Hofstra docht it knap yn it amateurvoetbalspel. Hy stiet 4e. Sjoch hjir foar de rest fan ‘e stân.

Help!
Wa kin dizze Âldegeaster helpe?

Foar v.v. Oudega (Aldegea) binnen wy al in moai skoft dwaande mei in jubileumboek foar it 60-jierrich bestean fan ús feriening (2008). 
Us feriening hat hiel wat tsjin SDS fuotballe, mar wy binne interessearre yn ien wedstriid, nammentlik de beslissingswedstriid út de fyftiger jierren.
Wy soene graach wat ynformaasje oer dizze wedstriid hawwe wolle, om’t dit yn ús notulen ensa krekt ûnbeskreaun bleaun is.
Groetnis út Aldegea W,
Hans Buren
Mail nei info@vv-sds.nl!

Scheisse
De Dútsers binne der net sa wiis mei dat Nederlân him pleatst hat foar it WK. Sy skite no al yn ‘e hosen. Inkelde Nederlanders spylje hjir handich op yn en hawwe in moaie webside makke. Sjoch
hjir.

Wurch
Minne Bonnema tipte ús oer in nij kessen: Miskien is dit wat foar fermoeide SDS ‘ers?


Tafelfuotbalje
Wa ’t net folle nocht hat om bûten te fuotbaljen om it minne waar of yn de seal bang is foar blessures kin altiten noch tafelfuotbaljen gean(klik hjir).

Letter mear!