SDS League: Postmeister pakt wykpriis!

Weppers tiisdei 9-3
8 maart 2010
Weppers woansdeitejûn
9 maart 2010

De wykpriiswinners fan foarige wike dogge op ‘e nij goeie saken. Sawol “Boem Boem Baarda” fan Dirk-Yde Sjaarda as Paul Reitsma mei “Alles op Paolo Henrique” stoarmje de top 3 binnen. Dirk-Yde pakt sels it earste plak. It is fan ‘e wike sawiesa al “Boem Boem” by “Baarda” want syn mangels wurde der fan ‘e wike útsketten.

In spesjale fermelding foar “Carolien ik heb ze gezien” fan Sjoerd Rispens. Jierren die hy mei sûnder ek mar wat te winnen. No stiet hy alwer knap twadde en is hy fan doel safolle prizenjild binnen te heljen dat dat Lowlandskaartsje hast fergees is.

Nei ôfrûne snein in medalje fan fertsjinste krigen te hawwen fan Definsje pakt hy dizze wike ek noch de wykpriis. “Postmeister” fan Jelmer Posthumus pakte mar leafst 53 punten en liet de konkurrinsje fier efter him.
gieltjee!!
Ek Giel Beelen is bliid foar Jelmer.

Doede Rients Okkema kin de poedelpriis wol hast ophelje. hy hat ynmiddels “al” 87 punten yn 5 wiken. Dirk-Yde Sjaarda pakte yn de lêste 2 wiken allinnich al 109 punten…. 

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 5.