Evenementen in november 2022

SDS League: Postmeister pakt wykpriis!
9 maart 2010
Weppers tongersdei 11-3
11 maart 2010

Geheime training
Opfallend wie dat SDS 1 justerjûn net trainde efter de sporthal yn Easterein. Wêr ’t de A-seleksje wol wie koe net ien ús fertelle. Soenen sy traind hawwe op in geheime lokaasje?

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
Wy binne benijd as de sealfuotballers fan SDS 1 ek mei 3 punten werom komme út Heerenveen. Sy sitte jûn net rom yn de spilers. Feite (blesseard), Tseard (mei syn holle klem yn de hikke sitten?), Peter (net fit), Jan-Simon (fergaderje), Jildert (yn Velp) en Anne (flier lizze) binne der net. Lokkich genôch binne Jaap, Freek, Ruurd, Tsjipke en Willem der wol.

Klaverjasse (1)
Wy,  as aktiviteitenkommisje, ha 18 february  in kaartjûn organisearre en dat wie best slagge, allinnich koene der wol wat mear minsken meidwaan. Dus, ha jim nocht oan kaarten, kom dan 18 maart en 15 april nei de kantine fan de Skoalleseize. We begjinne om  healwei  achten  en kaarte  3 bomen.
Oant dan!
De aktiviteitenkommisje

No goeie
Dat sei in ferslachjouwer fan Omrop Fryslân tsjin Klaas Overal. Yn it programma
Hea wie it justerjûn te sjen. At jim bij minút 4 begjinne te sjen dan misse jim neat fan Klaas syn skreppen.

Klaverjasse (2)
Ôfrûne snein wie der in klaverjastoernoai yn de Jimbar. It prachtige oantal fan 16 dielnimmers die mei wêrfan in ferskaat oan SDS’ers. It wie Wommelser en keeper Jaap Toering dy ’t op “save” spile en der fan trochgie mei de haadpriis. 

Kursus Fysk foar Jans (diel 2)
Hjoed diel twa yn de searje Frysk bij sportklup Hearrenfean spesjaal foar de nije trainer Ron Jans:
Tellen bij thuiswedstrijden    
  0-1   :   Nul-Ien  
  0-2   :   Nul-Twa  
  0-3   :   Nul-Trije  
  0-4   :   Nul-Fjouwer  
  0-5   :   Nul-Fiif 

Harsens derby (160)
Hoe faker je dit filmke sjogge hoe leuker der wurdt. De haadrolspilers binne dy ferdigener dy ’t in meter de grûn ynskopt en ferjit de maskotte op it lêst net: