SDS-League: ‘Postmeister’ pakt wykpriis en kopposysje!

Weppers moandei 2-3-2020
2 maart 2020
Weppers woansdei 4-3-2020
4 maart 2020

Jelmer Posthumus syn wykein begie knap mei syn 4 goals sneon foar SDS 4, mar it ferlies fan Ajax snein tsjin AZ makke it hiele wykein stikken. Miskien kin dit it noch in bytsje goedmeitsje. Jelmer pakt mei ‘Postmeister’ de wykpriis en lyk ek de kopposysje yn de SDS-League.

Jelmer hie mei ‘Postmeister’ dizze wike 48 punten en dat wie krekt ien mear as ‘FC Ballie’ fan Stefan van der Velde en ‘Luk Raak’ fan Teade de Boer.

It siet ‘Kar Ate’ fan Ate Feike de Boer dizze wike net mei. Wêr ’t syn broer Teade krekt neist de wykpriis greep ferlear Ate twa fan syn alve spilers. Sawol Larsson(FEY) as Memisevic(GRO) sille dizze SDS-League gjin punten mear foar syn team helje…….. Mei oare wurden;  ‘ferkearde ‘Kar Ate’………..
Undanks dit alles stiet Marten Faber mei ‘Op nei de Top’ noch altiten stiif ûnderoan.

SDS League 2019-2020 twadde helte wike 3