Weppers moandei 2-3-2020

Sneon 29-2-2020
28 februari 2020
SDS-League: ‘Postmeister’ pakt wykpriis en kopposysje!
3 maart 2020

Sponserrin by sc Heerenveen

Ofrûne sneon wienen de earste jeugdspilers al drok op syk nei stipers foar de sponserrin op woansdei 1 april by it Abe-Leanstra-stadion. Jeugdspilers fan de JO8 oant en mei de JO11 dy ’t meidwaan wolle kinne harren hjir oanmelde lykas de stipers:
www.sponsorloop.nl/sdsnijland
Sponsers kinne harren oanmelde fia de aksjesiden fan ús jeugdspilers. Elkenien mei stiper wurde; pakes en beppes, omkes en tantes, buorlju ensfh. Betelje giet fia ynternet. Dat is wol sa handich, want dan hoefe de bêrn net mei jild oer de dyk.

SDS’ers derop út!

De familie Postma besteande út Chris, Henk, Mark Johan en Bram wie sneon yn Dútslân by Borussia Dortmund – sc Freiburg. De wedstriid wie net folle oan, mar sy hawwe genoaten fan de Gelbe Wande en de ‘Herrenhandtaschen’.

Plus 4

It rekket soms wat fuort tusken it oare nijs mar Jelmer Posthumus makke sneon wer 4 doelpunten. Dêrmei stiet syn seizoenstotaal op 24 en stiet hij oan de kop fan it klassemint.

Knipperke

By SDS 5 flagge de earste helte Klaas van der Weg ynstee fan fêste Flagger Daan Boersma. De twadde helte wie Daan der al. It die bliken dat hy him fersliept hie nei op de bank efkes in ‘lyts’ knipperke dien te hawwen nei it iten.

Fles Beerenburch

Okke van der Kamp stelde sneon in flesse Beerenburch beskikber foar it Draaiend Rad. En wa wûn him? Ynderdaad; Anne Brouwer!

De nije SDS-League

Moarn hjir op de webside de aldernijste stân fan de SDS-League.

Poiesz-jeugdsponseraksje

By de Poiesz kinne je noch altiten sparje foar de jeugd fan SDS. Hjirûnder de oanbiedingen wêr ’t je dizze wike ekstra munten by krije:

Harsens derby (2214)

Sa kinne je it makkelijkste in tsjinstanner ôfskuodsje. Gewoan efkes in rûntsje om de skiedsrjochter…………