Weppers woansdei 4-3-2020

SDS-League: ‘Postmeister’ pakt wykpriis en kopposysje!
3 maart 2020
Weppers freed 6-3-2020
6 maart 2020

Makkum 1 – SDS 1 om 15.00 oere

De wedstriid fan SDS 1 yn Makkum begjint sneon net om 14.30 oere, mar om 15.00 oere.

SDS foar de 2e Perioade?

SDS soe kommende sneon de 2e Perioade winne kinne as sy winne fan Makkum. Sy binne dan wol ôfhinklijk fan twa oare wedstriden. Workum moat dan namelijk út ferlieze fan Scharnegoutum en Heerenveense Boys moat út lykspylje of ferlieze fan SVM. In heal oere foar it ein fan de wedstriid fan SDS yn Makkum wit SDS al wêr ’t sy oan ta binne, want dy oare twa wedstriden begjinne wol om 14.30 oere.

Woansdeitejûn 25 maart 2020: trainersjûn kursisten UEFA C ⚽ (foarhinne TC 3) fan 19 – 22 oere

Dy jûn hat de klub de kantine Skoalleseize en in heal fjild fan 19:00 – 20:00 (útrin 20:15) beskikber steld en reservearre foar de trainers yn oplieding.
Henk Mulder fan JO19-1 wie no oan bar en organisearje dit. Derfoar wiene se te gast by Drachtster Boys, Frisia, Kollum, Leovardia, Oudehaske en Steenwijk.
Wy melde dit op tiid sadat it fjild neffens it skema ek echt frij hâlden wordt.
De trainers/lieders dy’t it oanbelanget wurde hjir ek sels oer ynformearre.
Der wurdt in utwurke training jûn troch 3 fan de 10 aspirant-trainers oan in ploech fan 14 spilers en 2 keepers en in berop dien is op de JO19-1, JO17-1 en mooglik oanfolling út it twadde.
Der wurdt noch oan wurke, om’t it net de gewoane trainingsjûn fan dy alvetallen is.
Komt it immen dy wike better út om dan ek even oan te sluten, meld it by Henk.

Hantekenaksje


De jeugd yn Wommels wol graach in pannakoai.
Sij binne in hantekenaksje begong.
Dus stypje wij de jeugd graach.
Dizze list leit yn de byblioteek yn Wommels.
By de Jumbo-Kooistra leit ek in list.

Kantine

De kantine is moarntejûn ek wer iepen en spesjaal om ’t Feyenoord moarntejûn yn de heale finale fan de beker tsjin NAC moat hawwe wy in èchte Rotterdammer efter de bar; Stefan van Krimpen. Dat kin wolris gesellich wurde! Feyenoord – NAC is te sjen op it grutte skerm. Wy binne benijd wat it wurdt.

Stefan tinkt; 2-2…….en dan………………frikandellen…….

Sponserrin by sc Heerenveen

Ofrûne sneon wienen de earste jeugdspilers al drok op syk nei stipers foar de sponserrin op woansdei 1 april by it Abe-Leanstra-stadion. Jeugdspilers oant en mei de JO11 dy ’t meidwaan wolle kinne harren hjir oanmelde lykas de stipers:
www.sponsorloop.nl/sdsnijland
Sponsers kinne harren oanmelde fia de aksjesiden fan ús jeugdspilers. Elkenien mei stiper wurde; pakes en beppes, omkes en tantes, buorlju ensfh. Betelje giet fia ynternet. Dat is wol sa handich, want dan hoefe de bêrn net mei jild oer de dyk.

Ut in âlde doaze fan 1971

Harsens derby (2214)

Ho!