SDS-League: “Marrit’s 11” wint de wykpriis!

De SDS-kantine troch de eagen fan Dug Out.
29 november 2020
Jou dy no op foar it Sinteklazetoernoai!
1 december 2020

It is dizze wike “Marrit’s 11” fan Bas van der Weij dy ’t de wykpriis pakt. Hy hat mei 63 punten krekt ien puntsje mear as “Hey Ho Let’s Go” fan ien fan de webmasters.

De boppeste 5 dogge wer ris wat oan stuorke wikseljen, mar bot feroaret der net. “De Regenjas” fan Thor Ruiter en Kris Gaastra stiet noch altiten boppe-oan mei 14 punten foarsprong op nûmer 2; “Bulder” fan Jan Mulder.

It wie in minne wike foar nûmer 10 mei de dea fan “El Diego”. Ek yn de SDS League gie it min mei nûmer 10. “Lekker Schuren” fan Erik Haitsma sakket fan 10 nei 15 mei mar 33 punten.

Wout fan Harm en Vera hat in beste wike, want hy wurdt hjoed 5 jier. Team “Wout” fan heit Harm Dijkstra hie in minne wike mei mar 27 punten. De knappe oerwinning fan PSV op Sparta makke úteinlik noch in bytsje goed………….

Okke van der Kamp hat it dreech yn dizze tiid sûnder amateurfuotbal en dat komt syn team “FC Okke” net ten goede. Reade lantearndrager “Ut de losse pols” fan Aant Hofstra krijt suver konkurrinsje. It gatsje is noch mar ien puntsje.

SDS League 2020-2021 earste helte stand wike 6