SDS League: Lolke Hofstra pakt wykpriis!

Wepperkes -woansdei-
3 april 2007
Wepperkes -tongersdei-
5 april 2007

Klaas Dijkstra stiet noch altiten boppe oan mei “Rob en Frank”. Hy hat noch altiten krekt wat bettere kaarten as konkurrint Johan Delfsma dy ’t mei “Royal Flush” ien puntsje efter him stiet.

“24 augustus Wommels Boppe” fan Lolke Hofstra pakt dizze wike de wykpriis. Dit docht mei nammen sear by de koach fan Easterein Freddy Scheltema. Lolke giet namelijk ek Freddys “Blinde Tyfushond” foarby. Freddy is no al út op revanche. Neffens Lolke sil dit net earder kinne as yn de Wommels-Easterein fan 2008……..
 
Lolke Hofstra is net benaud foar “blinde tyfushond”.


Materazzi fan Gert-Jan Hiemstra hat aardich de smaak te pakken. Nei de wykpriis fan foarige wike skoffelt Materazzi aardich fierder yn it klassemint. Dizze wike geane sy fan 14 nei 9.

Racing Mantgum fan Skelte Anema giet mei 100 troch de bocht fan ‘e wike. Mei 40 punten geane sy fan 61 nei 39.

P.van P.(Pieter Lieuwe van der Valk) pakt dizze wike 10 punten en bliuwt dêrmei stiif lêst. It ferskil op de nûmer ien nei lêst(It Tredde fan Appie Posthumus) is al 21 punten.

Foar de wedstryd AZ-Werder Bremen hinget dizze stân moarn ek yn de kantine.

Sjoch hjir foar de nijste stân: klik
hjir.