Wepperkes -tongersdei-

SDS League: Lolke Hofstra pakt wykpriis!
4 april 2007
Wepperkes -freed-
6 april 2007

Betiid derbij
Net allinne Hans Kooistra wie der betiid bij doe’t de earste peal de grûn yn gie. Ek Geert Couperus woe dit spektakel net misse. Hoewol de kâns fansels grut west hie dat Geert syn bêd út hijt wie, as neiste buorman.
De foto’s fan Geert en Hans binne hjir te sjen. In prachtige opkommende sinne jout
in moai byld

It doelpunt fan…..
Wat kin it soms dreech wêze om te bepalen wa’t it doelpunt makke hat. Oer it doelpunt fan SDS 1 tsjin Bûtenpost 1 is fertizing.
Us earste melding kaam binnen fan Gerard van Asselt: in eigen doelpunt. Hij hie oerlein mei Dirk Yde Sjaarda en dy wist dat te melden. Dy sei der sels bij dat Robert net skoord hie.
Doe’t Oebele Anema jûns werom kaam út Bûtenpost, lêsde hij op de wepside: eigen doelpunt. “Dat soe best wolris kinne,”sa tocht hij, hoewol hij wol fûn dat Robert tige knuffele waard en tocht dat dy him makke hie.
Yn de LC fan hjoed stiet gewoan dat Tsjipke Klaas Okkema skoord hat. De fertizing is no hielendal kompleet.
Is der ek immen dy’t de wierheid wit?

Geheid in nije kantine
By ONT sjogge se it hielendal sitten mei de nije SDS-kantine. Dizze E-card krigen wy hjoed fan harren(klik
hjir).

Fiterdiploma
Grut probleem by de jongere jeugd dy ’t fuotballet is dat sy net sels fiterje kinne. Wy hawwe hjir wat op fûn. Wy wolle alle heiten en memmen oproppe om de bêrn dit te leren. Dit skeelt de leiders sneons hiel wat wurk. It is miskien ek wat om de training mei te begjinnen ynstee fan in warming-up(klik
hjir).

In 3,4,5-dûbele skjirre?
Oan ’t no ta is dit hast wol de moaiste goal west yn de Champions League; de goal fan Mancini fan AS Roma tsjin Olympique Lyon. In goal út it boekje fan Wiel Coerver. Geweldich(klik
hjir).

Retteket AZ!
Hooplik wurket Louis van Gaal syn taktyk jûn alwer(klik
hjir).

Nijs?
Mail it nei
ús!