Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
2 april 2007
SDS League: Lolke Hofstra pakt wykpriis!
4 april 2007

Earste peal!
De âlde kantine is der noch mar krekt wei en de earste peal fan it nije ferieningsgebou giet de grûn al yn. Ûnder de grute belangstelling is fannemoarn om 06.42 oere de earste peal slein fan it nije ferieningsgebouw.
Ype Gerbrandy moat hjoed noch 1 kilometer en 20 meter de grûn ynslaan.

De earste peal giet de grûn yn.


Fierder hoecht der net.


Dat is ien.


De foto’s binne makke troch Hans Kooistra.

Te kâld
De mannen fan SDS 3 kamen tiisdeitejûn fol goeie moed nei it trainingsfjild. Mar wêr’t se oars de lijte fan de sporthal soms fernimme, wie der no gjin lijte te bekennen. It wie gewoan net te hurdzjen dêr. Alteast dat fûnen hast alle spilers. Utsein Jelte de Boer, dy woe wol traine, mar fûn der allinne ek neat oan.
SDS 3 hat dus net traind.
Op ynternet dochs mar efkes sjoen hoe kâld de gefoelstemperatuur wie op it momint dat se dit beslisten.

Neffens ús foel it dus wol wat mei.

45 peallen
Ype Gerbrandy wie tiisdeitejûn drok dwaande om de peallen fan 20 meter klear te lizzen om woansdeitemoarn mei heien begjinne te kinnen.
Wylst op beide fjilden fuotballe waard, skearden de peallen behearsd fan de auto ôf soms oer it fjild hinne.
Sjoch
hjir foar wat fotos

SDS E3 – Oosterlittens E2: 8 – 0.
E3 was dinsdagavond extra gemotiveerd om de volle 12 punten uit 4 wedstrijden te pakken en dat is gelukt.
Easterlittens gaf ook eigenlijk nauwelijks partij en speelde bij tijden zo chaotisch dat SDS zich soms liet insluiten en overgaf aan ouderwets kluitjesvoetbal.
Het eerste kwartier van beide speelhelften zagen de toeschouwers echter een sterk spelend SDS E3 dat, in een frisse tegenwind, met prachtige combinaties bij rust 2 – 0 voorstond, om daarna in de tweede helft met wind mee de pot af te maken: 8 – 0.
Doelman Jesse hoefde slechts één maal aan de bak en dat was dan ook meteen hét moment van de wedstrijd: een prachtige redding.
Een mooie overwinning voor het hele team en een verdiende eerste plek in de competitie.
Richard Oukes.
(Der binne noch foto’s makke dy’t jim
hjir sjen kinne.)

Pieter Sombrero
Pieter Groenveld(SDS 6) is werom fan fakansje. Hy hat 10 dagen nei Mexico west. Hy sil sneon wol wer keepe kinne. Mocht de sinne bot skine dan kin it wêze dat Pieter net mei in pet op yn ‘e goal stiet mar mei in ………….


Mei de taksi….
Wy geane der fanút dat de supporters fan Flevo Boys 2 net te rumoerich west binne yn de bus, want de foarsitter fan Flevo Boys woe fêst net opdraaie foar de taksikosten mocht de bussjauffeur net ride wolle. By Sunderland tinke se der oars oer(klik hjir).

SDS League
Jûn de nijste stân.

Nijs?
Mail it nei ús!