SDS League: Klaas Dijkstra pakt de wykpriis!

Wepperkes -tiisdei-
19 februari 2007
Wepperkes -woansdei-
21 februari 2007

De twadde helte fan de SDS League is los. 95 teams sille probearje om de titel yn de wacht te slepen. It sil ús benije wa ’t der mei de titel fantroch giet.

Sûnt Klaas Dijkstra te witten jûn hat dat hy folgend jier trainer wurdt by Broekster Boys giet it him yn de SDS League foar de wyn. Lyk yn de earste wike pakt hy alwer de wykpriis. It getúgt fan goeie trainerskapasiteiten as je witte dat it net altiten goed is om te wisseljen. Klaas Dijkstra stiet mei deselde spilers yn it fjild as de earste helte.

Klaas Dijkstra pakt alwer in wykpriis.

Tom, Pieter & the Heartbreakers hawwe harren hiele team omsmiten. Dit hat net folle holpen. Sy begjinne wer as 2e op de ranglist.

B.A.S. spilet mar mei 9 spilers. Mochten de lêste 2(Alves(HEE) en Mendes(AZ) ek noch fit wurde dan moatte wy it noch sjen.

The Jelsmanian Devils(Jan Simon Jelsma) eindigen yn de earste helte as 1e mar moatte it no dwaan mei in 56e plakje. Fansels kin it noch alle kanten op, want de earste helte begie hy as 35e.

Harm Auke Dijkstra hat oanjûn dat hy mei FC Boeruh Eindhoven dit seizoen foar de Champions League giet en de SDs League sjitte lit. Hy begjint dan ek op it 41e plak.

Pieter Liuwe van der Valk levere syn team as ien fan de lêsten yn, mar dit hat net folle holpen. Hy begjint as nûmer lêst.

Sjoch hjir foar de nije stân: Klik
hjir.