Wepperkes -woansdei-

SDS League: Klaas Dijkstra pakt de wykpriis!
20 februari 2007
Wepperkes -tongersdei-
21 februari 2007

SDS 2 futsal krijt pak foar de broek
SDS 2 hie jûn ZVVS 2 op besite. Dy klup komt út Rouveen. Sij steane der net sa goed foar, dus in oerwinning mei in leuk doelsaldo soe de klup goed dwaan. ZVVS 1 spilet yn de haadklasse en sij wiene jûn frij. ZVVS 1 kaam dus nei Easterein om tsjin SDS 2 (sûnder Skelte Anema) te spyljen. It waard in neatûntsjende nederlaach. SDS 2 skoarde net en ZVVS koe de 10 krekt net helje.
(neiskrift fan redaksje: it is echt wier!
 
Boukje
It is de fraach at Klaas syn Boukje wol wer mei nimt nei it futsallen. Krekt no se mei wie, ferlear SDS 2 futsal mei Samme op de bank wol hiel dik.
 
Trainen ôflast
Heren,
Tot mijn spijt is het trainen afgelast voor vanavond door het aaneenlopend regenen van vandaag is het niet verantwoord om gebruik van de trainingsvelden te maken.
Namens bestuur “Skoalleseize”
Abe-Jan

Oppassintrale
Yn it nije MFS(multi funksjoneel sintrum) is it aansens ek mooglik om op sneon gebrûk te meitsjen fan de oppassintrale. Der binne al aardich wat blessearde fuotballers dy ’t oanjûn hawwe dit baantsje wol op har nimme te wollen. Ôfrûne sneon binne de sollisitaasjes begûn. Hendrik de Jong wie as earste oan ‘e beurt.
 

Oan ‘e muorre
SDS 2 spile ôfrûne sneon yn Meppel. Yn de kantine hong in foto mei 2 SDS’ers.

Robert Sybesma en Wesley Hoitinga hingje yn de kantine fan Meppel.

Fuotbalklassieker
Wy hawwe spesjaal foar al dy PSV’ers dy ’t juster foar de tillevysje sitten hawwe te juichen foar PSV, in echte PSV-klassieker yn de skiednis fan de Nederlânse tillevysje opskarrele(klik
hjir).

Pikefel(16)
AZ waard foarige wike kâld noch waarm fan it fanatike Turkse publyk by Fenerbahce. Dat hie wol oars kinnen(klik
hjir).