Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
17 februari 2007
SDS League: Klaas Dijkstra pakt de wykpriis!
20 februari 2007

F’kes foar de Poiesz
Zaterdag hebben de spelers van F1 een demonstratie training gegeven op het parkeerterrein van de Poiesz in Scharnegoutum. Remco Bervoets heeft deze training verzorgd. Omdat wij als SDS meedoen aan de Poiesz actie. Hebben wij het verzoek gekregen om een activiteit te verzorgen. Dit hebben wij gedaan in de vorm van een demonstratietraining.
Groet,
Jappie Wijnia

De F’kes yn de aksje foar de Poiesz yn Skearnegoutum.
Mear foto’s kinne jim sjen yn de kommende Treffer.

SDS League
As alles meisit dan kinne jim hjir jûn de nije stân besjen.

De knibbel fan Gerrit

Neidat de Belgiske doktor Gerrit ûndersocht hie en it wachtsjen op in foto wat lang duorre, stelde Gerrit foar dan mar mei in telefoan de knibbel sels op de foto te setten. In goed teken dat syn humor gelokkich net blesseard wie.

It goeie of ferkearde spoar

Anco Elgersma en Durk Okkema gyngen sneon efter de sikenauto oan, dy’t Gerrit nei Snits brocht. Om in sikenauto bij te hâlden moat je de sokken der goed yn hawwe want dat binne betûfte sjouffeurs.(Trienus de Jong)
Efkes wiene se de sikenwein kwyt mar gelokkich seagen se de spoaren (yn de berm!) en sa wisten sij dat er hjir lâns gien wie.

Futsalle
Woansdei is der wer futsal. SDS 1 reizget ôf nei Stobbegat(!), oars sein; sy moatte tsjin FuotbalFeriening Stobbegat, mar sy fuotbalje yn de nije sporthal fan Sportstad Heerenveen. SDS 2 en SDS 3 spylje thús. SDS 2 wol graach kampioen wurde en sij kinne wol wat stipe brûke. It begjint om 20.30 oere.

Wa wurdt de topskoorder?
Nei dit suksesfolle wykein foar Ype Tiemersma leit alles wer iepen. Want at jim de list
hjir besjogge dat sille ek jim konstateare dat der noch wolop spanning is no.

Op nei de Kuip!
Op snein 22 april is it safier. Om 10.00 sil der dan in bus fertrekke by SDS wei om te fertrekken nei Rotterdam om dêr de wedstryd tusken Feyenoord en NEC te sjen. Der binne op dit momint 25 oanmeldingen. Dat betekent dat der noch 9 plakken frij binne. Wa ’t mei wol moat der gau by wêze(klik
hjir). Folgende wike wurdt de bus ek beskikber foar “net-SDS’ers”.

Net foar neat it moaiste stadion fan Nederlân.

Jonkjes
Ron Jans en Louis van Gaal makken der ôfrûne snein in potsje fan tidens de parsekonferinsje. Fergeleken by Giovanni Trappatoni binne dit mar lytse jonkjes(klik hjir).