SDS-League: ‘Jonkoboys’ pakt de wykpriis!

Weppers moandei 30-9-2019
30 september 2019
Weppers woansdei 2-10-2019
2 oktober 2019

It is dizze wike ‘Jonkoboys’ fan Lourens van der Pol dy ’t de wykpriis pakt! Hy pakt mar leafst 99 punten en giet dêrmei fan it 24e nei it 4e plak. Hy hie dêrmei 5 punten mear as ‘FC Ricksdaalder’ fan Rick Hendriks en 7 punten mear as ‘Aan de kant ik moet naar ’t stadion’ fan Sjoerd van Beem.

Op syn jierdei pakt Sjoerd van Beem mei ‘Aan de kant ik moet naar ’t stadion’ samar de kopposysje al moat hy dy noch wol diele mei ‘Hiem Team’ fan Niels Hiemstra. Sawol Niels as Sjoerd hat 187 punten. 3 punten hjirûnder steane (dy oare) Sjoerd Rispens mei ‘Algemeen Fons’ en de ‘Jonkoboys’ fan Lourens van der Pol.

By de familie Kuperus giet it hast lykom, mar de froulju steane no wol krekt ien puntsje boppe de manlju. ‘FC P(r)ima’ fan Pietrik en Marit Kuperus stiet 9e en ‘SapperdeVlap’ fan Bauke Dijkstra en Stefan en Dirk Kuperus stoet no 10e.

De reade lantearn is dizze wike foar ‘Hakim’ Pieter Sijtsma. Hy nimt him oer fan ‘Lekkah Sauze’ fan Erik Haitsma. Blykber hawwe de mannen fan de A-seleksje aardich byelkoar ôfsjoen, want wy sjogge mear lju fan de A-seleksje by de ûnderste 11.

 

SDS League 2019-2020 earste helte wike 3