Weppers woansdei 2-10-2019

SDS-League: ‘Jonkoboys’ pakt de wykpriis!
1 oktober 2019
SDS stypje mei RABO Clubsupport!
3 oktober 2019

Wiet

It wetter falt dizze wike mei bakken út de himel. Juster rûn in oer as 12.00 oere like it der efkes op dat der sawol op it keunstgersfjild as efter de sporthal op gêrs net traind wurde koe. Lokkich genôch drûge it hjirnei noch knap ôf en koenen alle trainingen trochgean. Hooplik kin dat de rest fan de wike ek en kin der sneon wer folop fuotballe wurde. Hâld de webside wol yn de gaten foar efentuele ôflastingen.

Foto fan 17 septimber 2017

Sponserkommisje

De sponserkommisje is drok dwaande om stipers binnen te heljen. Ferline wike hawwe sy wer in pear strikke kinnen foar ûnder oare sjurts en in reklameboerd. Sy binne ek noch op syk nei in stiper dy ’t ûnder it skoreboerd in reklameboerd hawwe wol. Mocht it je wat lykje nim dan kontakt op mei Bauke de Boer

It skoreboerd komt wol gauris op de foto.

Woonvaria Wommels nije sjurtstiper SDS 4!

Johan Delfsma fan Woonvaria Wommels hat witte litten de mannen fan SDS 4 wol yn nije sjurts stekke te wollen. Earst krije de mannen wedstriidsjurts en dan is it sjen dat de mannen ek noch in moaie polo krije kinne mei it Woonvaria-logo. Wy sjogge no al út nei de teamfoto. Om te sjen wat Johan en Joke allegear ferkeapje yn harren winkel kinne jim hjir klikke.

Reklameboerd foar De Smidse

Kachelspeciaalzaak De Smidse krijt in reklameboerd by SDS. Op dizze webside kinne jim sjen wat foar kachels sy allegear te keap hawwe.

25 jier by de saak!

Durk-Jorrit van der Eems waard juster yn it sintsje setten by ús haadstiper Grafische Groep Van der Eems. Hy stie juster namelijk 25 jier oan it roer fan dit súksesfolle bedriuw. Fan herte lokwinske! It blomke komt der oan!

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn

De sealfuotballers fan SDS meie jûn wer los. Sy spylje om 20.00 oere thús tsjin Workum 5.

Lokwinske!

De leider fan de JO17-2, Hans van der Schaar, is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

Harsens derby (2161)

Toet, toeeeeeeeeeeeeeeeeeeeeeet!