Weppers moandei 30-9-2019

Sneon 28-9-2019
27 september 2019
SDS-League: ‘Jonkoboys’ pakt de wykpriis!
1 oktober 2019

Mini’s


De mini’s op de foto mei spullieder Tjerk van der Pol

Terjochte

Ferline wike melden wy dat de sleutels fan de earste boksen fuort wienen. Sy binne ynmiddels terjochte. Sy leinen rêstich ûnder de wurkbank yn it ballenhok efter de fuotbalklean te wachtsjen op de finer. Tjeerd de Vries wie de lokkige. Tige by tige!

Skoreboerd is yn de war

Ofrûne sneon wie it skoreboerd wer wat yn de war by SDS 1 – Scharnegoutum 1. Sawisa krijt hy wat lêst fan âlderdomsklachten, want ferline jier telde hy ek alris werom. Op himsels sjoen net sa gek, want it skoreboerd is ynmiddels ek al hast wer 15 jier âld. Wy sille sjen as wy him dizze wike wer wat bylapje kinne sadat hy sneon wer flink oan de bak kin.

It skoreboerd yn syn jonge jierren

Ofskie

SDS supporter Philippus Hingst hat op syn hichtepunt syn fuotbalkarriere ôfsluten. Dat wie nei it winnen fan de Fryslân Kup foar 35 +. Hij lei syn enerzjy fanôf dat momint noch mear yn it oargelspyljen. Dat hat hy mear as 56 jier dien en juster hat hy ek dy karriere ôfsluten yn de tsjerke yn Itens. Se hiene foar him in spesjale ôfskiedsact betocht. Wij hope dat er gjin blessure oprûn hat. Sjoch hjir.

Sneon wer thús!

SDS 1 spilet kommende sneon alwer thús. Dan komt Makkum 1 op besite:

Meinte-Sixmatoernoai

Op 22 oktober aanstaande is het weer tijd voor het jaarlijkse Meinte Sixma toernooi.
Jo-8 tot en met Jo/mo 13 van zowel Nijland als SDS gaan dan met elkaar de sportieve strijd aan in een mixtoernooi. Dit jaar is het al de 25e editie en daar zullen we extra bij stil staan! Binnenkort komt het opgave formulier op de site, hou het in de gaten! Het spektakel start om 14 uur.

De jeugdcommissie vv SDS/vv Nijland

SDS-League

Wat earder as dan jim fan ús wend binne kinne jim moarn de nijste stân fan de SDS-League al ferwachtsje.

Staantribune

De nije Staantribune is ek wer út! Hy is te keap by Van der Velde yn Wommels. De PSV’ers Douwe, Jappie, Okke, Harm-Auke, Remco, Frank, Anco, Gert-Jan, Niels en dy pear oaren sille fêst wiis wêze mei de foarside.
Afbeeldingsresultaat voor staantribune nieuw

Harsens derby (2160)

Ho!