SDS League: "Ideale schoonzonen" pakke wykpriis.

Wepperkes(woansdei)
17 maart 2004
Futsal: SDS 1 is kampioen!!
17 maart 2004

It moast der in kear fan komme. Jieren ferlyn joech hy de organisaasje fan de SDS League út hannen om him hielendal te rjochtsjen op syn eigen team. Folle hie dit (oan ’t hjoed ta) noch net holpen. Meastentiids bleaun hy mei syn team oan ’t lêst ta meidwaan om degradaasje. Dizze wike pakt hy dan dochs eindliks in priiske. “De Ideale Schoonzoon” Meinte Wesselius pakt mei syn zwagers, “De Ideale Schoonzonen”, de wykpriis. Sy stijge hjirmei fan it 79e nei it 51e plak en binne fierders útskeakele foar de haadprizen.

Kapitein Henk (HP) faart noch altiten syn eigen koers en rint 3 punten út op nûmer 2 “Fjoer en Wetter wer together”(W en AD).

It 1e ljipaai koe hy net fine, mar de punten yn de SDS League wit hy wol te finnen. As “De Oost-Indische Kustkangaroo” hipt G.v.A. de top tsien binnen (fan 15 nei 8).

Robert Hoekstra rjochtet him op syn team yn de SDS League en giet netsjes fan 21 nei 12.

FC Etex fan JPD giet noch rom oan de lieding yn de striid foar degradaasje (nûmer 96).

Groetnis, Willem

Hjir kinne jimme de stân besjen: wike 4