Wepperkes(woansdei)

SDS League: De ideale elf
15 maart 2004
SDS League: "Ideale schoonzonen" pakke wykpriis.
17 maart 2004

Kratsje kwyt
Harm Auke Dykstra wist op tiisdeitejûn wol hiel wis te melden dat SC Genemuiden 4 yn ‘e Reserve 1e klasse spilet en SC Genemuiden 3 net. Hy wie der sa wis fan dat dit him fansels in kratsje bier kostje moast. Jo moatte foarsichtich wêze mei sokke kennis en gjin ûnwierheden ferkundigje. Hampie mei tiisdeitejûn in kratsje bier meinimme. Sawol SC Genemuiden 3 as 4 spylje yn ‘e Reserve 1e klasse. Sy sitte net byinoar yn ‘e kompetysje. Jimme kinne it
hjir neisjen.

SDS E1
Lieder en trainer fan E1 André Vink hat in stikje skreaun oer SDS E1. Jimme kinne dit fine ûnder “Junioren”, “E1” en dan “Wedstrijdverslagen SDS E1”. 

Sneon as snein?

Stefan van Krimpen kaam ferliene simmer hielendal fan út Rotterdam by SDS fuotbaljen. It fuotbaljen yn SDS 2 wie gjin probleem, mar dat Frysk protteljen fan inkelde persoanen snapte hy hielendal neat fan. “Asto der sneon mar stiest”, “sneon moat it gebeure”, “wy winne sneon wol efkes”. Alles wat Stefan begreep, mar wat wie no “sneon”. “Is Sneon geblesseerd of zo”, tocht Stefan, “spelen we zaterdag misschien tegen Sneon”. Hy hat it syn skoanheit nei twa wiken dochs mar ris frege. Doe ’t skoanheit sei dat sneon foar snein komt wie it Stefan eindliks dúdlik.

Doelpunten SDS
Twa kear per seizoen makket Klaas Pompstra in oersjoch fan hoefolle doelpunten de teams fan SDS no meitsje per team. Jimme kinne dit sjen ûnder “De Treffer” by “doelpunten SDS”. Hy hat dêr ek in moaie grafyk by makke. Jimme kinne b.f. sjen dat F3 de meast produktive ploech yn it neijier en dat SDS yn totaal yn it neijier 2 doelpunten minder makke hat as foarich seizoen.

Histoarje SDS
It hat efkes duorre mar ûnder “Historie” kinne jimme no wat fine oer it ferline fan SDS. Wy sille der noch efkes oer gear wat wy der noch allegear mear yn hawwe wolle, mar at jimme suggestjes hawwe dan binne dy seker wolkom op
info@vv-sds.nl .

Filippus syn soan sit fol humor
Ôfrûne sneon foel der by SDS 2 genôch te gnizen. SDS 2 wûn fan Makkum mei 4-0 en konkurrint d’ Olde Veste ferlear fan CVVO. Ûnder de wedstriid foel der ek al genôch te laitsjen. Gerrit Hingst kaam nei de rêst it fjild yn nei de earste helte op de bank sitten te hawwen. Gerrit spile wol knap oan ’t sa ’n 10 minuten foar tiid. Gerrit krige in foarset die ’t eksakt op maat wie. De bal foel sa ’n 20 centimeter foar de doelline en Gerrit koe him der sa yn pisje. Gerrit rekke de bal tige noflik mar de bal gie rjochting Itens en hat it net net rakke. Sels de spilers fan Makkum koenen der wol om gnize. De measte wille hie heit Filippus Hingst oan ‘e kant fan it fjild; “ha, ha, ha, dy soan fan my sit fol humor”.

Thierry Henry is super
It heard hjir eins net yn, mar wa hat ôfrûne sneon Thierry Henry sjoen by Arsenal tsjin Blackburn Rovers? Geweldich!! Op it momint dat de keeper fan Blackburn Rovers de bal útsjitte soe en de bal efkes los út de hannen wie en noch net op syn skoen, wist Thierry Henry de bal der tusken wei te traapjen en de bal yn in leech goal te skowen. Magnifyk!! Sa ’n souplesse!! De goal waard jammer genôch net telt troch de skiedsrjochter. Welke Nederlanske fuotballer hat ditselde alris foar elkoar krigen allinne skoorde doe net (en waard ek weromfluite)? Mail it nei info@vv-sds.nl .