Futsal: SDS 1 is kampioen!!

SDS League: "Ideale schoonzonen" pakke wykpriis.
17 maart 2004
Wa fynt it earste ljipaai?
18 maart 2004

Justerjûn is SDS 1 dan eindliks kampioen wurden. Wêr it foariche wike tsjin Urk net slagge, slagge it no al mei in 5-2 winst op ZVVS.

Foar de wedstriid wie de spanning der eins al wat ôf. SDS 1 koe it net litte om kontakt op te nimmen mei de WZS-hal. Hjir die bliken dat konkurrint WZS mei 5-1 ferlern hie fan Urk en dat SDS sûnder te spyljen al kampioen wie. Alle spilers fan SDS 1 wienen hjir dus foar de wedstriid al fan op ‘e hichte behalve Harm Stremler. Hy kaam krekt wat letter de sporthal binnen.

De wedstriid die der net folle ta, mar foar it publyk en Harm woe SDS fansels al winne. De bal gie maklik rûn mar woe der net yn. ZVVS kaam sels foar mei 1-0 en Harm begie him te knipen. It publyk wie rêstich oanwêzich en it like dat sy ek de útslach fan WZS-Urk al wisten. SDS wie better as ZVVS allinne kaam muoisam tot skoren. By rêst wie it 2-1 foar SDS troch goals fan Harm en Feite.

Nei de rêst makke SDS der úteinlik noch 5-2 fan. Alle goals waarden makke troch SDS ‘ers. Harm en Feite(2x) skoorden foar SDS en Willem skoorde tsjin. Harm bleaun de hiele wedstriid fel en krige sels oan it ein fan ‘e wedstriid noch in giele kaart.

Yn ‘e kantine bleaun it noch lang ûnrêstich. Harm koe fansels de rest fan ‘e ploeg wol sjitte doe ’t der hearde dat sy al wisten dat WZS ferlern hie.

Wy woenen graach al ús supporters tank sizze foar de geweldiche opkomst juster en ek yn alle foariche wedstriden fansels. Wy hoopje jimme folgend seizoen allegear wer te treffen yn de 1e Klasse!!!