SDS League: Hylke Flapper 1e!!

Weppers tongersdei 6-5
6 mei 2010
Seleksjes 8-5
7 mei 2010

It is ferrassend Hylke Flapper dy ’t de earste priis pakt yn de SDS League. Yn it lêste wykein sprong hy samar fan it 4e nei it 1e plak. Syn troef wie dúdlik Mads Junker fan Roda JC.

It wie juster dûbel feest foar Hylke!!

Erik Haitsma kaam 1 punt tekoart foar de earste priis en pakte úteinlik mei “Master(be)Erik” it twadde plak. Hy hie leaver it earste plak, mar koe dochs tefreden weromsjen: “Foar de earste kear in team sûnder myn broer betekent net allinnich in kreas twadde plak, mar ek dat ik myn priis net hoef te dielen…..”

It mei dúdlik wêze dat de leden fan de A-seleksje juster aardich reden ta juichen hienen nei it bekend meitsjen fan de einstân fan de SDS League. Harm Stremler(as omke fan Hylke Flapper), Erik, Skelte, Dirk-Yde, Freek/Jacob von Wieren, Mark, Jacob-Klaas en Feite gienen allegear mei in priis nei hûs.

Jeroen Brouwer pakt dizze lêste wike mei syn “Jodan Boys” noch efkes de wykpriis. Hy bliuwt “Roger Federer” fan Bram van Beem krekt ien puntsje foar.

It wie noch aardich spannend tusken Jappie Wijnia en Wichard Deinum. Úteinlik pakte Jappie mei Sjanet dizze wike 34 punten en Wichard mei Elske en Rixt 35 punten. Genôch foar Jappie om ien puntsje boppe Wichard te eindigjen.

Eeltsje Postma sjogge wy net sa faak mear yn de kantine. Soe it der mei te meitsjen hawwe dat buorman Hjalmar Ruiter al sa ’n skoft folle heger as him stiet yn de SDS League? Eeltsje kin in kratsje bier by de buorman bringe, want Hjalmar eindigt mei 30 punten mear op it 22e plak.

Nei 2 wiken wie it al dúdlik dat Doede Rients Okkema mei FC Supermario de poedelpriis pakke soe. Wy hawwe dy fan de earste helte him ek noch net jûn dus wy sykje no efkes in gruttere “poedel” út.

Sjoch hjir foar de einstân:
wike 12.

Oan ’t de SDS WK League!!!!!!!