Weppers tongersdei 6-5

Befrijdingsweppers
4 mei 2010
SDS League: Hylke Flapper 1e!!
7 mei 2010

SDS C1 fuotballet jûn
SDS C1 fuotballet jûn om 19.00 thús tsjin Sleat C1.

SDS 1 traint yn Easterein
SDS 1 traint jûn wer gewoan yn Easterein. Sy hawwe tastimming krigen om op it B-fjild te trainen. Sy traine om 19.00.

SDS 2 traint letter, mar……
SDS 2 hat jûn heechstwierskynlik de lêste training fan it seizoen. Sy sjogge jûn om 18.30 earst de bekerfinale yn de kantine en traine dêrnei efkes in oerke. Dêrnei fansels mei syn allen noch efkes in bierke yn de kantine.

SDS D1 traint net
It trainen fan de D1 gjit fannejun net troch, se wolle graach alle goals fan Ajax besjin….
Tsjipke


SDS League
Jûn om 21.30 wurdt yn de kantine de einstân fan de SDS League bekend makke.


Skoallefuotbal

woensdag 28 april 
Het schoolvoetbal was dit jaar met 8 damesploegen en 11 jongensploegen wel een sucses op het papier. Een uur eerder dan gepland ging het los om 1 uur s’middags en dat op drie velden (A B C veld). Vele vrijwilligers hielpen mee om deze middag tot een succes te maken en niet te vergeten de scheidsrechters.
Iedereen bedankt.
Mochten er vragen of opmerkingen zijn.mail
Jan Bouke Bouma

Mollen?
De mollen fan de jeu-de-boules-baan binne blykber ferhúze nei it trainingsfjild foar de boksen. Sy hawwe seker goed iten hân ûnderweis, want it binne enorma bulten.



Oare wepmaster
Wy binne bliid melde te kinnen dat de oare wepmaster it goed makket op syn fakansje-adres:

Hoi,
Do hast it drok les ik?
Nei de Cauberg moarn de Grebbeberg.
Sit no tusken de bloesems, yt ekoham, yt aaien fan buorfrou hin en drink bb makke fan reinwetter.
gr Aant


Plysje
Jûn by de twadde bekerfinale tusken Feyenoord en Ajax sil der wol wer in hiele plysje-eskorte yn Rotterdam tsjinoer inkelde Feyenoord-hooligans stean. Sa kin it oars ek:

Lachen met de politie
Efkes laitsje foar de foto.

Harsens derby (209)
It ôfrûne wykein wie der in alderaardichste goal te sjen yn Dútslân: