SDS-League: ‘Hoekie Boys’ pakt de wykpriis!

Nije reklamebuorden
12 maart 2019
Weppers tongersdei 14-3-2019
14 maart 2019

Marc Hoekstra syn wike kin net mear kapot! Ferline wike wûn Ajax net allinnich fan Real Madrid, mar Marc pakte mei ‘Hoekie Boys’ ek noch efkes de wykpriis mei mar leafst 78 punten! Hy giet dêrmei fan it 19e nei in dield 6e plak!

Boppe-yn de SDS-League stiet it allegear flak byinoar en is it dizze wike ‘Bulder’ fan Jan Mulder dy ’t de kopposysje oernimt fan ‘Brekken Boys’ fan Okke van der Kamp. It ferskil is mar ien puntsje lykas mei ‘Jelsmanian Devils’ fan Jan-Simon Jelsma. Noch ien puntsje dêr ûnder stiet ‘Op naar de Top’ fan Marten Faber.

‘Henkie Cola’ fan Henk Postma hat noch altiten de reade lantearn en nimt al aardich ôfstân fan de nûmer ien nei lêst, ‘It is mar in spultsje’ fan Aant Hofstra.

 

SDS League 2018-2019 stand twadde helte wike 5