Weppers tongersdei 14-3-2019

SDS-League: ‘Hoekie Boys’ pakt de wykpriis!
13 maart 2019
Weppers freed 15-3-2019
15 maart 2019

Derby

Kommende sneon spilet SDS 1 de derby út tsjin Scharnegoutum 1. Troch it ferstjêrren fan in âld-jeugdlid fan vv Scharnegoutum is der 1 minút stilte foar de wedstriid en is der nei de wedstriid gjin muzyk.
Wy binne benijd as it fjild him wat goed hâldt mei dizze bakken wetter………

Derby (2)

Net allinnich SDS 1 mei sneon nei Skearnegoutum. Ek ST. SDS/Nijland JO15-2 hat sneon in derby tsjin vv Scharnegoutum. Dizze wedstriid is al om 8.45 oere.

SDS 1 seal wint

SDS 1 seal hat moandei in knappe slach makke om fan it lêste plak ôf te kommen troch mei 2-1 yn Akkrum fan NTW 2 te winnen. Sytse Hibma wie de man by SDS 1. Hy makke binnen de minút al 1-0 en wist yn de twadde helte de winnende 2-1 te meitsjen. Nije wike woansdei mei SDS 1 thús fuotbalje tsjin ZVF 1.

SDS-ledenoantallen

Fan de KNVB krigen wy in berjochtje oer hoe as it stelt is mei it ledental fan SDS. Foar ús gjin ferrassingen, mar wol ynteressant om efkes te besjen. Sa sjocht it der namelijk út:

* It ferskil yn ledenoantal sit dus foaral by de pupillen. Gelokkich hawwe wy sûnt jannewaris wy der alwer aardich wat SDS-Mini-Leaguers by en wy hoopje dat dat wat trochset, sadat wy neidat der de lêste jierren wat minder pupillen wienen daliks wer mear binne. Dit hat yn de eagen fan SDS dan ek it meast te krijen mei it bertesifer yn ús omkriten ynstee fan dat de jeugd net mear fuotbalje wol.
* It tal juioaren is aardich lyk bleaun.
* It tal senioaren is foaral grutter wurden troch it tal froulju wat aardich omheech gien is.

Betterskip!

De SDS-omropper, skiedsrjochter en lid fan de sponserkommisje, Enne-Johannes Bruinsma, moast ferline wike samar ûnderit mes. Hy is no wer thús en wy winskje him in soad betterskip ta!

Afbeeldingsresultaat voor enne bruinsma

De Treffer

De nije Treffer leit op dit momint noch by ús haadstiper en drukker Grafische Groep Van der Eems, mar hy is hast klear. It soe best ris wêze kinne dat der it kommend wykein net balle wurdt, dus dan hawwe jim moai tiid om de nije Treffer efkes te lêzen.

Harsens derby (2113)

Dizze nimt de kommende wiken gjin penalty wer………..

Letter miskien wol mear!