Weppers freed 2-11-2018

SDS-League: ‘Happy Feet’ pakt de wykpriis!
31 oktober 2018
Sneon 3-11
2 november 2018

SDS-ledengearkomst

Earder melden wy dat de SDS-ledengearkomst op waonsdei 14 novimber is, mar dat moat woansdei 21 novimber wêze.
Hâld dus woansdei 21 novimber frij?
Jûns fanôf 20.00 oere is dan de jierlijkse SDS-ledengearkomst mei dit kear wat in oar programma as oars. Ynkoarten mear der oer. Der is dy jûns gjin Champions-League-fuotbal, dus dêr hoefe je net om thús te bliuwen. Dêrneist hat Auke-Jetze de kofje brún en hat hy fêst ek wat lekkers by de kofje. Kom allegear!

SDS VR2 nei Littens

VR 2 wurket de kompetysje ôf op freedtejûn. Dizze kear sille se besykje punten te sprokkeljen yn Easterlittens.

Pakt SDS 1 wer 3 punten?

Yn it seizoen 2017-2018 spile SDS 1 in spannend potsje yn Warkum, krige grutte kânsen tsjin mar wûn dêr úteinlik mei 0-1. Kin SDS 1 no wer “stunte”. Fanôf 15.00 oere jim it sjen yn ien fan de 11 stêden.
Dizze seleksje fan SDS wurdt om 13.00 oere by de kantine ferwachte, hawwe om 13.15 in bespreking en stappe om 13.30 yn de auto:
Jaap Toering, Marco Rijpkema, Jacob-Klaas Haitsma, Remco Hylkema, Gerwin Sybesma, Bauke Dijkstra, Frank Bervoets, Ewout de Boer, Pieter Sijtsma, Matthijs Postma, Erik Haitsma, Hendrik de Jong, Habtamu de Hoop en Lourens van der Pol.

Mei 0 punten nei de polder werom?

SDS 2 (7 punten) moat tsjin Urk 5 (11 punten). Dat binne moaie gegevens om it ferskil op ien punt te krijen. Mei it goeie gefoel fan ferline wike ferwachtsje wij dat der gjin punten nei de polder gean. De seleksje dy’t om 13.30 oanwêzich is en om 14.30 opwaarme is:
Yward, Gertjan, Arjen, Anne, Bote, Dirk, Feite, Hendrik, Jesse, Jort, Jurjen, Lieuwe, Niels, Ralph en Sjoerd.

Is SDS 3 it fuotbaljen noch net ferleard?

Mei twa ferplichte frije sneonen yn de fuotten moat SDS 3 de punten út Ljouwert helje. Om 14.30 is Leeuwarder Zwaluwen 5 de tsjinstanner. Dizze seleksje fertrekt om 13.20 oere út Easterein:
Auke, Harm D, Dirk-Yde, Doede-Douwe, Gert-Jan, Ids, Jan-Simon, Jeroen, Klaas, Peter, Pieter, Pieter-Lieuwe, Robert, Ronny, Tjeerd en Anco.

SDS 4 moat it no sjen litte

Mei de Starumers fan QVC 3 op besite moat SDS 4 flink oan de bak, want de gasten binne de koprinner. Om 14.30 op fjild 2 yn Easterein mei dizze seleksje:
Jildert, Henk, Willem, Arjan Hallema, Doede Zijsling, Allert Turksma, Haije Jan de Boer, Andries Trekheak, Gert-Jan Hessels, Wietse Vink, Igor, Jopie, Jorrit en Broer.

SDS VR 1 yn aksje

Wij binne no novimber en de kompetysje is al sûnt 23 septimber los. It oantal wedstriden dat SDS VR1 spile hat foar de kompetysje is 2. Om 12.30 yn Easterein is de tsjinstanner Beetgum VR1. Om 11.15 oere is de folgende seleksje der om om 11.45 oere op de foto te gean:
Hester, Alissa, Richtsje, Seriette, Janieke, Femke, Elske, Sietske, Marije, Geeske, Gerry, Sieta, Marjo, Jeska en Kirsten.

Emoasjes


Tal fan minsken sille miskien noch wol witte wannear sij dizze emoasjes sjen lieten.

Alde doaze


It sealteam fan no grossiert noch net yn oerwinningen lit stean yn kampioenskippen. Wij fûnen dizze foto noch fan in sealteam dat wol blommen krigen hat nei wierskynlik in hiel soad oerwinningen.
Herkenne jim Sjoerd, Wytze, Henkie, Henk, Cats, Chris en Lolke noch?

Harsens derby (2068)

Potferdikke!