SDS-League: ‘Hakuna Matata’** pakt de kopposysje!

Weppers tiisdei 11-12-2018
11 december 2018
Weppers tongersdei 13-12-2018
13 december 2018

It is dizze wike Hendrik de Jong dy ’t mei ‘Hakuna Matata’** de kopposysje oernimt fan ‘Henkie Cola’ fan Matthijs Postma. Soe Hendrik op ‘e nij foar de titel gean? It liket of komt hy yn syn twadde jeugd. Hy hat al twa kear earder de SDS-League wûn (fan dêr de twa stjêrkes efter ‘Hakuna Matata’), mar de lêste kear wie alwer yn 2003.

De top 10 is aardich trochinoar hinne hussele. Net ien stiet mear op itselde plak.

De wykpriis falt net yn Lollum sa ’t wy earder melden, mar net minder ferrassend yn Frjentsjer en Easterein. It is namelijk ‘P(r)ima’ fan Pytrik Brouwer en Marit Kuperus dy ’t de wykpriis pakt mei mar leafst 70 punten! Earder stienen sy noch lêst!
‘FC Lollum’ fan Tys Bruinsma pakt mar leafst 66 punten, mar du krekt net genôch foar de wykpriis. Eins wienen wy der al in bytsje fanút gien dat ‘Jan TOTO’ Bruinsma de wykpriis wer pakke soe. Dit skeelde ek net folle, want hy hie lykas Jelmer ‘Postmeister’ Posthumus 62 punten. De nije koprinner ‘Hakuna Matata’** siet der noch tichter by mei 64 punten.

Foar de Lollumers wie it sawisa net sa ’n gek wykein. Simon Bruinsma fleant de top 10 namelijk binnen mei ‘FC K(n)udde’ mei 60 punten en giet fan it 15e nei it 9e plak.

‘Henkie Cola’ fan Henk Postma hie net sa ’n hiele goeie wike mei mar 10 punten. Dit soarget der foar dat der hielendal troch it iis sakket en no de reade lantearn oernimt fan ‘FC Altijd Laatst’ fan Anne-Jan Hallema.


‘De reade lantearn’ 😉

 

SDS League 2018-2019 stand earste helte wike 11