Weppers tiisdei 11-12-2018

Sneon 8-12-2018
7 december 2018
SDS-League: ‘Hakuna Matata’** pakt de kopposysje!
12 december 2018

SDS JO13-1 kampioen?

SDS JO13-1 mocht ôfrûne sneon op Skylge fuotbalje tsjin AVV en mei kommende sneon alwer op de boat nei Skylge. Sneon meie sy tsjin Terschelling JO13-1. As SDS dy wedstriid sneon wint dan meie sy ek noch feestfiere op de boat, want dan binne sy kampioen.

Tuskenstanden

Hoe stiet it der foar mei de SDS teams sa krekt foar de winterstop. Sjoch hjir .

It seizoen 2004-2005 yn byld

It wie in bysûnder seizoen 2004-2005. SDS wie debutant yn de twadde klasse K en gie ûnder lieding fan de nije trainer Lykle Bleekveld goed fan start. Der kaam in dipke mar ûnder lieding fan de trainer Klaas Dijkstra waard it in moai ein. Kampioen en foar it earst nei de 1ste klasse. Nim de tiid om dat seizoen noch efkes troch te sjen en herinneringen op te heljen.

Gjin puntferlies


Der binne yn regio Noord noch trije standert teams dy’t gjin puntferlies hawwe yn de kompetysje, Ien fan harren is FC Wolvega, dy’t bij SDS 1 yn 3A sit. Yn Nederlân binne yn totaal 11 klups sûnder puntferlies.

Ferslach SDS 2 – Zeerobben 2

Sneon koenen jim al in link nei in ferslach mei foto’s fine hjir op de webside fan de wedstriid SDS 2 – Zeerobben, mar der stie noch in útgebreider ferslach op de Zeerobben-side. Jim kinne it hjir lêze.

De nije SDS-League

Moarntejûn om 18.58 oere komme wy wer mei de nijste stân fan de SDS-League. It sil dochs net sa wêze dat ‘Jan TOTO’ wer de wykpriis pakt wol?

Easterein Rocks

Kommende sneon is der wer in edysje fan Easterein Rocks. Dit kear yn de Tsjerne yn Easterein. Gearard hjit jim allegear fan herte wolkom fanôf 20.30 oere.

Harsens derby (2083)

Ho!