Weppers tongersdei 13-12-2018

SDS-League: ‘Hakuna Matata’** pakt de kopposysje!
12 december 2018
Weppers freed 14-12-2018
14 december 2018

Klaverjasse op de nijjierssit op sneon 5 jannewaris

Op de nijjierssit op sneon 5 jannewaris wurdt der net allinnich in kuierke dien en fuotballe, mar kin der ek klaverjast wurde. As de tiid it ta lit wurde der 3 bomen fan 12 potsjes klaverjast. Der wurdt klaverjast neffens de Amsterdamse fariant. Meidwaan is wichtiger as winne. Dochs binne der bulten prizen te winnen. Sa binne der 3 prizen foar de earste 3 yn it klassemint en binne der prizen foar b.f. de earste ‘stille’ ensfh. Wy regelje de hapkes! Jim soargje sels foar in noflike kaartmiddei!
Afbeeldingsresultaat voor klaverjassen SDS

Jim kinne jim hjir opjaan, fia info@vv-sds.nl of meld it by Meinte Wesselius of Popko Wijnia.

Blesseard

By SDS 1 binne der net folle blessures dizze earste helte fan it seizoen. Al binne inkelde al wat skeind……


Hendrik hat in blau each en Jaap rint yn in panty.

Sealtraine

De froulju fan SDS Vr.1 sille 19 desimber traine yn de seal yn Easterein fanôf 21.00 oere om harren ta te rieden op it OFK. Sy spylje de foarrondes foar it OFK op tongersdei 3 jannewaris.

Sealtraine (2)

Ek de jeugd fan JO17-1 sil yn de seal traine. Sy dogge dat op freed 21 desimber fan 19.00 oant 20.00 oere. Sy riede harren ta op it KNVB-sealtoernoai op freed 28 desimber.

Skorst

Oan it begjin fan it seizoen krige Jort Strikwerda yn de útwedstriid fan SDS 2 tsjin vv Minnertsga 2 in reade kaart. De kaart kaam allinnich op namme fan Arjen Los. ynmiddels is alles rjochtbreide, mar is Jort noch wol foar ien wedstriid skorst.

Nei it winterskoft

SDS 1 hat sneon syn lêste wedstriid foar it winterskoft en begjint op tongersdei 3 jannewaris wer te trainen.

SDS’ers Veronica-Inside

Eltse moandei en freed kinne jim (tsjinwurdich op de tillevysjesender Veronica) it programma Veronica-Inside sjen mei Wilfred Genee, Johan Derksen, Rene van der Gijp en Jan Boskamp of Hans Kraaij-Junior. Kommende moandei binne der inkelde SDS’ers yn te sjen. Wa? De ‘Diego Simeone’, ‘Jan Boskamp’, en ‘Berlusconi’ fan SDS. 😉

Afbeeldingsresultaat voor VERONICA INSIDE

Ut de âlde Doaze


It seizoen 2004-2005 wie tige suksesfol foar SDS. De wil om der bij te wêzen en om te winnen wie grut. Sa kamen wij dit moaie stikje tsjin yn de Ljouwerter Krante oer de berte fan Niels dy’t no sels yn JO15-1 fuotballet.

Harsens derby (2083)

Dat is 14 kear ekstra yn de midden stean! 😉