SDS-League: Froulju oan de top dizze wike!

Strjittefuotbal! Doch ek mei!
7 december 2020
Rûntsje foar de klup! Spesjale krystaksje!
9 december 2020

In bysûndere wike yn de skiednis fan de SDS-League. It bard net faak dat in frou in wykpriis wint yn de SDS-League en dizze wike meie mar leafst 3 “froulju” de wykpriis diele. Sawol “Overal United”, “Strikky’s United” en “Marrit’s 11” hienen 44 punten. Hjir sille de coaches Sybrecht Overal mei pake Willem Twijnstra, Seriette Strikwerda en Bas van der Weij bliid mei wêze. Dat is dochs al gau in dikke 4 euries de “frou”.

 

De boppeste 3 bliuwe allegear wer op harren plak. “De Regenjas” fan Thor Ruiter en Kris Gaastra stiet noch altiten boppe-oan mei 16 punten foarsprong op nûmer 2; “Bulder” fan Jan Mulder.

Okke van der Kamp giet mei syn team “FC Okke” fol foar de poedelpriis. Hy nimt de reade lantearn oer fan Aant Hofstra mei “Ut de losse pols” en is lyk 10 punten los.

SDS League 2020-2021 earste helte stand wike 7