Strjittefuotbal! Doch ek mei!

Weppers moandei 7-12-2020
7 december 2020
SDS-League: Froulju oan de top dizze wike!
8 december 2020

No ’t der neist de trainingen net op it keunstgers fuotballe wurde mei, it skopfjild yn Wommels te wiet is en de gemeente net wol dat der troch SDS yn de seal traint wurdt fynt de jeugd fan SDS in oare manier om balje te kinnen.
Guon âldere SDS’ers sille grif tinke oan in fier ferline doe ’t sy eltse dei op de dyk fuotballen.
Tsjinwurdich bard dat yn Wommels op sommige plakken wer hieltiten mear. De jeugd is enthousiast mei troch Soufiane Touzani dy ’t op tillevysje en op Youtube it strjitfuotbal promotet.
Sa organisearet Luka van der Weg mei syn freonen no eltse snein in strjitfuotbaltoernoai.
Der binne twa groepen. Dy fan de JO11-12-en 13 en dy fan de JO15-17.
Sy dogge dit sneins fan 12.30 oere oant 15.00 oere.
Wa ’t ek meidwaan wol kin him opjaan kin by Luka van der Weg: 06-28964895