SDS League: Feiko pakt de kopposysje!

Wepperkes -woansdei-
26 september 2006
Wepperkes -tongersdei-
27 september 2006

Nei ien wike giet de SDS League al aardich oer de kop. Sa sakket “Bruin Boys”(Simon Bruinsma) fan 2 nei 38, FC “BROJA”(Broer-Jacob Greidanus) fan 4 nei 43, mar giet “Easpanne”(Minne Bonnema) b.f. fan 64 nei 20.

“We komme der oan” fan Feiko Broersma is de nije koprinner. Hy bliuwt Pieter Kamstra krekt ien punt foar. Beide teams ûntrinne mekoar wierskynlik net folle. Sy hawwe dizze wike like folle punten.

Nei de trainer fan A1, no in spiler fan A1 koprinner.

De wykprizen geane nei “Mâl Team” fan Skelte Anema en “Mata Harie” fan “Arie Boukarie”. Beide pakten sy 50 punten.

Kreas!

Immie Kamstra docht it wat minder as har soan Pieter. Soan Pieter stiet 2e, mar Immie hat dizze wike mar 13 punten en hat dêrmei de minste punten fan ‘e wike. Soe Pieter syn mem it ferkearde team jûn hawwe?

Hendrik de Jong wie net bliid mei syn ferdediger Patrick Pothuizen fan NEC. Dizze spiler sit faak by Jong-NEC op de bank en stiet dan ek noch op 0 punten. Wisgerhof fan NEC like Hendrik in better opsje. Mar goed dat hy dy net nommen hat, want Wisgerhof stiet op……..min 5.

Foar degenen dy ’t net mear hielendal witte hoe ’t it ek alwer mei de puntentelling siet; de puntentelling stiet yn de nije Treffer, mar is ek te finen op dizze webside ûnder “SDS League“.

Sjoch hjir foar de nije stân:
wike 2.

De stân hinget fanôf jûn fansels ek yn de kantine.