Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
25 september 2006
SDS League: Feiko pakt de kopposysje!
27 september 2006

SDS Futsal 1 wint
Mei Harm en Johannes foar Tsjipke en Willem wist SDS 1 ek no de bekerwedstryd te winnen. Maklik gie it net. 8-6 wie de einstân yn in wedstryd wêr’t SDS folle mear oan de bal wie as Oeverzwaluwen, folle mear kânsen krige mar sleau wie bij in foarsprong.
Harm, Anne, Johannes, Peter, Peter, Feite, Robert en Peter skoorden.

Grut sukses
Moandeitejûn hat de Skoalleseize nei Wommels west nei de riedsfergadering wêr praten is oer de subsydzjeoanfraag foar it neie ferieningsgebouw.
Mede troch de enorme stipe fan alle bestjoeren fan ferskate ferienings yn Easterein ( der wiene  mear as 50 ) dy ûs understeund hawwe mei hun oanwezigens hat it  in sukkesfolle jûn west.
It foarstel fan it college wie € 113.445,00 en dat is € 40.000,00 mear wurden.
Hjirby wol it bestjoer fan de ” Skoalleseize ” in ieder tank sizze foar syn of har steun justerjûn in Wommels.
Bestjoer de Skoalleseize

Spesjaal foar de jeugd
Wij hawwe de alvetalfoto fan SDS F3
yn stikjes knipt. No is ús fraach oan de jeugd fan F3: kinne jim ús helpe om de foto wer goed te krijen. Wij binne benijd hoe lang jim der oerdogge. Jout it ús troch op dit adres.
Mochten der oare jeugdspilers wêze dy’t harren alvetalfoto yn stikjes sjen wol, jou it ús troch. Wij knippe graach.

Krap
SDS futsal 1 spilet jûn thús om 20.00 foar de beker tsjin Oeverzwaluwen. De seleksje foar de wedstryd fan jûn is al wat krap. Robert(wurkje), Tsjipke en Willem(blesseard) dogge net mei.

Karel
Okkerdeis wiene de feteranen op Skylge. De fuotbalklup dêr wurdt krekt as SDS betiden ferbaal terroriseard troch in fûgel. Yn Easterein is dat Sibe op Skylge is dat Karel.
Oan de foto is dúdlik te sjen dat Karel net echt populair is.

Skylge bij nacht
It hat wat lang duorre, want it digitale fotoroltsje fan Stoffel wie noch net fol. Mar hjir is dy dan toch noch in hiele moaie natoerfoto: Skylge bij nacht

Nijs?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!

Letter jûn de nije SDS League!