SDS-League: “FC Hallema” pakt de wykpriis!

Weppers tongersdei 11-2-2021
11 februari 2021
Weppers tongersdei 18-2-2021
18 februari 2021

Hast 60 teams dogge der mei oan dizze 58e edysje fan de SDS-League. Dêr binne wy tige wiis mei yn dizze Koronatiid wêr ’t wy jim net fysiek oanspore kinne om mei te dwaan.
De ôfrûne dagen binne wy drok dwaande west om de teams dy ’t binne kamen fia bryfkes, bryfkes fia de post, foto’s, foto’s fan bryfkes, appkes, mail en wat foar manier ek te ferwurkjen yn de kompjoeter.
Mochten jim it idee hawwe dat der iets net kloppet lit it ús dan witte, want in foutsje is sa makke. mail dan nei info@vv-sds.nl.

It is úteinlik ‘FC Hallema’ fan Arjen Hallema dy ’t de earste wykpriis pakt. Hy hat mei 68 punten krekt 3 punten mear as ‘Op nei de top’ fan Gerlof-Jan Hofstra en ‘Brouwerpower’ fan Jelmer Brouwer.


Arjen en de faam binne wiis mei de wykpriis.

Opfallend oan de earste stân fan de SDS-League is dat der mar ien út de top 10 fan de earste helte no wer yn de top 10 begjint. ‘Strikky’s United’ fan Seriiette Strikwerda eindige de foarige kear 6e en begjint no as 10e.

De regerend kampioen, ‘De Regenjas’ fan Thor Ruiter en Kris Gaastra begjint súnich oan op in dield 37e plak.

‘Onana clean sheet’ begjint net sa noflik oan de twadde helte fan de SDS-League. Mei mar 31 punten begjint hy as nûmer lêst. It helpt ek net dat hy Marsman fan Feyenoord op de goal stean hat wylst Bijlow wer ûnder de latte stiet. Ek ‘Teeeerd’ fan Tjeerd de Vries hat mei hjirtroch in falske start en stiet 54e.

SDS League 2020-2021 twadde helte stand wike 1