Weppers tongersdei 11-2-2021

Weppers snein 7-2-2021
7 februari 2021
SDS-League: “FC Hallema” pakt de wykpriis!
17 februari 2021

Net traine…..

Sa lang as der snie op it keunstgers leit kin der net op traind wurde.

Poiesz-jeugdsponseraksje 2021


Fan 15 febrewaris oant 11 april docht SDS wer mei oan de Poiesz-jeugdsponseraksje by de Poiesz yn Skearnegoutum. Hjir binne wy tige wiis mei. By de Poiesz yn Skearnegoutum komt wer in spesjale koker foar de munten foar SDS.

SDS-League

Wat is der no leuker as yn dizze tiid mei te dwaan oan de SDS-League?
Ien kear in team gearstalle, it briefke ynleverje en dêrnei gewoan alle wiken de kenner úthingje of de teloarstelling ferwurkje.
Sjoch hjir.
Graach ynleverje foar moarntejûn 20.00 oere.

Spyldagenkalinder 2021-2022

Fan de spyldagenkalinder fan it seizoen 2020-2021 is net folle terjochte kaam….. Hooplik kinne wy ús der yn it seizoen 2021-2022 better oan hâlde. Hy sjocht der sa út: spyldagenkalinder 2021-2022.
SDS 1, 2 en Vr.1 begjinne op sneon 4 septimber yn de beker en 25 septimber mei de kompetysje.

Drok

As it amateurfuotbaljen wer los giet wurdt it drok op de sneons. Op ‘e nij hat in sneinsklup besletten om fan it sneins nei it sneonsfuotbaljen te gean. Sneins-1e-Klasser vv Heerenveen stoppet nei 100 jier mei fuotbaljen op snein. It wurdt sa stadich oan al stil op snein…….

Harsens derby (2284)

Wat soe it dochs hearlijk wêze as der dit wykein yn de snie balle wurdt!