Weppers tongersdei 18-2-2021

SDS-League: “FC Hallema” pakt de wykpriis!
17 februari 2021
Mear foto’s
18 februari 2021

Alwer in Eastereiner yn SDS 1

Troch de Korona wurdt der noch altiten net balle by de senioaren, mar de ’transfermerke’ stiet net stil. Om it tal Eastereiners yn de A-seleksje wat op te krikken hat Easterein nei Habtamu de Hoop no Lourens van der Pol strikt om yn Easterein komme te wenjen. Hy wennet der no sûnt twa wiken. Wy binne benijd wannear ’t Easterein der yn slagget om Erik Haitsma te strikken.

SDS JO17-2 traint

De mannen fan JO17-2 hawwe mar efkes winterskoft hân en koenen doe wer ien kear yn de wike traine ûnder lieding fan trainer Aant Hofstra. Ferline wike en ôfrûne moandei koe it net trochgean troch de snie, mar juster soe it dan wer oangean. Der stiet allinnich ien ôfspraak mei de trainer. Der moatte minimaal 8 spilers op trainen wêze om it trainen trochgean te litten. Juster hienen 7 jongens witte litten dat sy graach balje woenen, mar de 8e kaam der mar net by. Om 18.30 oere kaam it berjocht dan ek dat it net trochgie………..
Pieter van der Valk liet it der net by sitte en frege Aant lyk op de app; ‘soe Aant foar ien kear in útsondering meitsje wolle foar de jongens dy ’t wol graach traine wolle?’
Aant struts mei syn hân oer syn hert en stapte op de fyts nei Easterein wêr de jongens úteinlik mei in soad wille yn de rein balle hawwe.

En as tajefte noch efkes in moaie partij dien hawwe mei de fammen fan MO17-1 dy’t ûnder leiding fan Jildou Sweering trainden.

Poiesz-jeugdsponseraksje

Dizze wike is de Poiesz-jeugdsponseraksje fan start gien. Wy binne bliid dat SDS hjir ek wer oan dwaan mei. By de Poiesz yn Skearnegoutum kinne je oant 11 april munten sparje foar SDS. Dizze wike krije je ekstra punten by de appels. Dat liket ús wol de muoite wurdich om efkes yn Skearnegoutum te sjen. Ommers; ‘mei in appel deis hoecht de dokter net ûnderweis…..’

Net sa bêst……..

Johan Delfsma start dizze twadde helte fan de SDS-League op it lêste plak en dat foldocht him mar min. Yn 2018 wûn hy bygelyks de SDS-League noch. Neffens Johan is hy noch nea sa min begien wylst hy neffens him al meidocht  fanôf it begjin fan de SDS-League yn 1996. Hjiryn hat hy hast gelyk………
De alderearste edysje wie de twadde helte fan it seizoen 1995-1996, mar de earste kear dat Johan meidie wie oan de earste helte fan it seizoen 1996-1997. Oftewol de twadde edysje. Hy eindige doe as 50e. Net sa gek, want der dienen mar leafst 144(!!) lju mei. Hy begie doe ergens yn de middenmoat. De SDS-League waard doe organiseard om jild te garjen foar it 50-jierrich jubileum yn 1997.

Alde doaze

Jappie Wijnia fûn op de webside fan DWP noch in nijsgjirrich wedstriidferslach fan de wedstriid DWP 1 – SDS 1 fan 29 oktober 1988 yn it klupblêd fan DWP fan desimber 1988. Ut it stik docht bliken dat DWP yn dy tiid ‘aardich stevich’ balle…

Alde doaze (2)

Op Twitter komme de lêste tiid aardich wat fuotbalfoto’s út it ferline del dy’t tige de muoite wurdich binne. VV Oudega twittere de ôfrûne wike dizze kampioensfoto fan vv Oudega 2 út it seizoen 1982-1983. Wy sjogge in pear bekenden op stean. Ald-trainer fan SDS 2 Okke van der Kamp wie doe al trainer en dêrneist sjogge wy Harm Abma op de foto stean. Harm fuotballe letter noch jierren by SDS en hat dêrneist trainer en leider west. Wommelser Klaas Abma stiet der ek op.

De nije Treffer

Yn maart komme wy fansels wer mei in nije Treffer. Undanks dat der net balle wurdt is der ommers noch genôch om oer te skriuwen. Hawwe jim wat foar yn de Treffer of noch in moaie SDS-Look-a-like lit it ús dan witte!

Harsens derby (2285)

Hopsaaaaaaaaaaaaaaaa!

 

Letter miskien wol mear!