SDS League: Eastender Nightmares pakke wykpriis

Wepperkes -tiisdei-
17 september 2007
Wepperkes -woansdei-
19 september 2007

Mei 75 dielnimmers is de earste helte fan de SDS League it ôfrûne wykein fan start gien.

It is “Eastender Nightmares” fan S.T. Wijnia út Easterein dy ’t der mei de earste wykpriis fan trochgiet. Hy bliuwt fiere famylje krekt foar mei Peppi en Kokki. Sy komme 3 punten te koart.

De famylje De Boer kin wol tinke dat wy de stân op de kop hawwe. Sawol Erwin as Ewout begjinne knap mei beide in plakje yn de top 10. Meastentiids steane sy by de lêste 10.

Opfallend is dat de trainer fan Broekster Boys mei “Janet” krekt 2 punten mear pakt as de trainer fan SDS mei syn “Jan Bamiboys”. It sil ús benije wa ’t der sneon mei de punten fan trochgiet.

“It ’s a long way to the top” jild ek dit kear wer foar Öp naar de Top” fan Marten Faber. Hy begjint as 73e.

René Zijlstra is net foar neat begien as leider(en net as trainer) by SDS 1. Mei syn RTMN pakt hy it lêste plak lyk yn de earste wike al stevich yn hannen.

Nûmer 76 paste krekt net mear op de list. It wie SC Ramadan fan A.B. Wy ferwachtsje de kommende tiid net folle fan dit team no ’t ôfrûne tongersdei de Ramadan begien is. Oan goeie fuotballers mankeart it oars net by dit team:
Ekramy(FEY)
Bandjar(EXC)
El Akchaoui(NEC)
Sonkaya(ROD)
Chew-Atjon(UTR)
El Ahmadi(TWE)
Affelay(PSV)
Yilmaz(SPA)
Amrabat(VVV)
El Hamdaoui(AZ)
Idabdelhay(NAC)
Dizze koach hat it dus noch swierder dan de trainer fan VVV(klik
hjir).

Mochten jim noch foutsjes ûntdekke, mail it dan nei SDSleague@vv-sds.nl!

Sjoch hjir foar de hiele stân: klik
hjir.