Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
16 september 2007
SDS League: Eastender Nightmares pakke wykpriis
18 september 2007

Haadfjild
Enne Bruinsma lit ús witte dat de froulju sneon fan 9.00-10.00 tsjin elkoar fuotbalje op it haadfjild.
Kom allegear sjen!

Net rom
De futsalteams sitte op it heden net rom yn harren spilers. By SDS 1 ûntbrekke moarn 3 spilers. Robert(lêst fan de mage), Harm(wurkje) en Willem(lêst fan de knibbel) dogge moarn net mei yn de bekerwedstryd tsjin Heerenveen 2. SDS 1 moat it dus moarn mei 1 wissel dwaan.

SDS League(1)
Wy binne drok dwaande en ferwachtsje dat wy jûn om 22.00 oere de stân op de webside stean hawwe.

SDS League(2)
Wy kinne alfêst melde dat der 75 teams meidogge oan de SDS League. Dat is best genôch!

SDS 3 oan de winnende hân.
SDS helle sneon de tredde oerwinning. Steffen Bruinsma mocht dizze kear it ferslach skriuwe. Jim kinne it
hjir lêze.

Futsallers moarntejûn yn aksje
Woansdei is it de futsal jûn. SDS 1 hat al wer in útwedstryd (tsjin futsal Heerenveen) en futsal 3 spilet thús tsjin LSC 1890 2. Beide wedstriden binne foar de beker.

By SC Heerenveen
Habtamu de Hoop út de Súdhoeke traint sûnt foarige wike 1x yn de wike mei by de jeugd fan SC Heerenveen. Dat is de muoite wurdich.

Is Habtamu alfêst helle as opfolger fan Alves?

F4
Soene klups op dit momint nije ploechjes opjaan meie bij de KNVB dan hie SDS F4 opjûn. Al 11 spilers steane der op de list fan F4. Nei de tinkbyldige winter dogge sij yn de kompetysje mei. Sij traine no fansels wol. Dit binne de nije talinten

Martijn de Haan Wommels
Wessel Schraa Wommels
Falco Jellema Wommels
Sander Hazewindus Wommels
Sietze Stoffelsma Wommels
Jeroen Reijenga Itens
Gerrit Jan Siderius Wommels
Albert Vellinga Easterein
Arnout Meijer Wommels
Rimmer Kamstra Easterein
Kent van der Schaar Wommels


Altiten belje!
Kinne de spilers fan SDS 1 Marcel Frankena ek altiten belje as sy ergens mei sitte(klik hjir)?