Wepperkes -woansdei-

SDS League: Eastender Nightmares pakke wykpriis
18 september 2007
Wepperkes -tongersdei-
20 september 2007

Omrop Fryslân
Woansdeitejûn is der om 19.20, 21.20 en 23.20 in reportaazje oer in oantal SDS-ers yn de rol fan keatser, koach, foarsitter en heit. Sjen dus.

Net troch
Futsal 3 soe woansdeitejûn balje foar de beker yn Easterein. En wij soene dêrfoar de ploech op de foto sette. It fuotbaljen giet net troch want de tsjinstanner hat te min spilers dus giet it foto meitsjen ek net troch. Letter better.

Raar
SDS 4 hat twa kear wûn dat witte wij seker. Mar it is krekt of wolle se it bij de KNVB net leauwe. De wedstryd tsjin Zeerobben fan in oantal wiken lyn stiet der noch altiten net op. Sjoch
hjir

It moat better
Bij de LC kinne je ek meidwaan oan it spul Koach fan it jier”. Neist it persoanlike klassemint is der in kompetysje fan amateurklups tsjinelkoar. Alle ferieningen dy’t mear as tsien dielnimmers hawwe, dogge mei.  SDS hat 25 dielnimmers en strydt mei om de prizen. Alteast dat hie sa wêze kind at de resultaten fan de dielnimmers wat betters west hie. No stiet SDS op in 55ste plak. Sjoch
hjir de dielnimmers foar SDS wêrbij oantekene wurde moat dat de earste tsien meitelle.

Wolkom Klaas
Wij herinnerje ús allegear Klaas Dijkstra. De suksesfolle âld trainer fan SDS. Kommende sneon komt hij nei Easterein om Broekster Boys te koachen, want dat is de tsjinstanner. Wij hjitte him fan herte wolkom.

Klaas en Anne binne sneon echte tsjinstanners.

At jim noch wat te melden hawwe, dan kin dat. Maile kin nei dit adres.